City of Ember: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 118:
''City of Ember'' is basearre op 'e [[roman]] ''[[The City of Ember]]'', út [[2003]], fan [[skriuwster]] [[Jeanne DuPrau]]. [[Filmprodusint]]en [[Tom Hanks]] en [[Gary Goetzman]] betellen yn [[oktober]] [[2004]] by de [[$]]500.000 om sadat se de [[filmrjochten]] op dat [[boek]] yn 'e hannen krije koene. De film waard [[regissearre]] troch [[Gil Kenan]] (yn syn [[live-action]]rezjydebút) nei in [[senario]] fan [[Caroline Thompson]]. As produsinten wiene by it projekt njonken Hanks en Goetzman ek [[Steven Shareshian]] en [[Seth Hanchett]] belutsen, foar de [[filmstudio's]] [[Playtone]] en [[Walden Media]].
 
Der wie foar de film in [[budget]] beskikber fan $55 miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Xavier Pérez Grobet]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Andrew Lockington]]. De [[opnamen (film)|opnamen]] fûnen plak fan 'e iere [[simmer]] oant yn [[oktober]] [[2007]] en duorren sechstjin [[wike]]n. In eardere skilderhal op 'e [[skipswerf]] [[Harland and Wolff]] yn [[Belfast (Noard-Ierlân)|Belfast]] waard omboud ta de [[grot]] mei de stêd deryn.
 
===Distribúsje===