Joadske mienskip fan De Gordyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
De earste [[Joaden]] ferbleaune, ynsafier bekend, tusken [[1755]] en [[1775]] op [[De Gordyk]], mar dy wennen der yn dy tiid nea lang. Nei [[1775]] fêstigen har lykwols hieltyd mear Joaden yn it doarp en oanbuorjende doarpen lykas [[Lippenhuzen]], [[Koartsweagen]] en [[Terwispel]] dy't har der wol permanint nei wenjen setten, sadat der in lytse [[mienskip (maatskippij)|mienskip]] ûntstie. Yn 'e doarpen gouwen yn 'e [[achttjinde iuw]], oars as yn 'e [[stêd]]en, nammentlik gjin beheinings foar de Joaden.
 
Oan it begjin fan 'e [[njoggentjinde iuw]] ûntjoech de lytse mienskip him ta in organisearre [[joadendom|joadske]] [[gemeente (tsjerke)|gemeente]]. Yn [[1804]] waard in stik [[heide]] yn Koartsweagen oankocht om [[Joadsk begraafplak (De Gordyk)|in eigen begraafplak]] fan te meitsjen. It tinken is dat de Joaden fan De Gordyk harren [[ferstoarn]]en oant dy tiid op it [[Joadsk Begraafplak (Noardwâlde)|Joadsk Begraafplak fan Noardwâlde]] [[begroeven]]. Yn [[1807]] waard oan 'e Langewâl op De Gordyk in lytse [[synagoge]] set, dêr't yn [[1817]] in [[skoalle]] en in [[ûnderwizer]]swente byboud waarden. Datselde jiers krige de Gordykster synagoge de rang fan ringsynagoge, mei ûnderhearrige [[Godshûs (gebou foar earetsjinst)|godshuzen]] op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] en yn [[Noardwâlde (Fryslân)|Noardwâlde]] en [[Drachten]]. Yn [[1809]] bestie de Joadske mienskip op De Gordyk út sa'n 70 minsken.
 
Geandewei de [[njoggentjinde iuw]] wreide de mienskip him fierder út. Der kaam in genoatskip foar [[talmoed]]stúdzje en yn [[1853]] waard der in eigen [[earmhûs]] foar Joaden oprjochte. In Joadsk [[toanielselskip]] joech yn [[1871]] ferskate [[foarstelling (toaniel)|foarstellings]]. Letter ûntstie der ek in eigen ôfdieling fan 'e [[Alliance Israelite Universelle]]. De Joadske mienskip op De Gordyk berikte syn grutste omfang yn [[1869]], doe't der 186 leden wiene. Fan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] ôf belune it tal Joaden yn [[Opsterlân]] earst stadichwei mar letter hieltyd flugger.