The Magnificent Seven (film út 2016): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 42:
As de Sân yn Rose Creek arrivearje, komme se dêr de 34 [[hierling]]en yn 'e tsjinst fan Bogue oer it mad dy't de sakeman yn it plakje efterlitten hat. Se weve handich mei de mannen ôf, hoewol't Robicheaux, dy't troch syn [[ûnderfining]]s yn 'e Boargeroarloch oan [[posttraumatysk stress-syndroom]] lijt, net oan 'e striid dielnimt. Billy Rocks besiket it falen fan syn freon te ferbergjen mei it sizzen dat syn [[gewear]] wegere, mar Faraday hat sa syn twifels oer Robicheaux. De [[korrupt]]e [[sheriff]] fan Rose Creek, dy't himsels troch Bogue [[omkeaping|omkeapje]] litten hat, wurdt troch de Sân [[finzen]]nommen en Chisolm stjoerd him mei in boadskip foar Bogue, besteande út in pear nammen, nei Sacramento ta: "Lincoln, Kansas" en "Sam Chisolm". Hy ornearret dat sheriff Harp trije dagen ûnderweis wêze sil, wêrnei't Bogue in dei kwyt wêze sil om syn mannen gear te roppen en risselwaasjes te meitsjen. Mei de rit werom hawwe de Sân dus in wike om har op it kommende gefjocht ta te rieden.
{{Plotbedjer film}}
Robicheaux en Faraday besykje de doarpsbewenners te trainen yn it [[sjitten]] mei [[gewear]]en, mar dat is hopeleas. Faraday set Robicheaux foar it blok om sjen te litten hoe't it moat, en de âlde skerpskutter hat gjin problemen om 'e libbenleaze doelwiten mei [[kûgel]]s te trochsingeljen. De Sân ride nei Bogue syn goudmyn ta, dêr't se de bewekkers deadzje en de mynwurkers befrije. In oansjenlik diel fan harren jout him by de doarpsbewenners, en mei't der frijwat [[feteranen]] út 'e Boargeroarloch ûnder harren binne, is harren sjitten in stik better. De folgjende dagen bringe de Sân en de doarpsbewenners troch mei it [[fêstingwurk|fortifisearjen]] fan Rose Creek troch û.m. ferskate [[rinfuorge]]n te graven en [[wein]]en en [[stek (ôffreding)|stek]]ken klear te setten om [[strjitte]]n mei ôf te sluten. Underwilens arrivearret sheriff Harp yn Sacramento en bringt it boadskip fan Chisolm oer. De nammen lykje Bogue net folle te sizzen, mar it ferlies fan Rose Creek bringt him ta [[razernij]]. Hy sjit sheriff Harp dea om't dy it doarp net foar him witten hat te behâlden, en oarderet syn liifwacht Denali en syn rjochterhân McCann om in legerke gear te bringen dat Rose Creek weroverje moat.
 
Oan 'e ein fan 'e [[middei (deidiel)|middei]] fan 'e sânde dei komt Reade Rispinge it doarp binnen[[fjouwersprong (hynstegong)|fjouwerjen]], dy't troch Chisolm útstjoerd wie as [[ferkenner]] om út te sjen nei Bogue-en-dy. Hy seit dat Bogue de oare [[moarn (deidiel)|moarns]] ier arrivearje sil. Dy [[nacht]] pakt Robicheaux syn hynder om út te naaien. Hy wurdt tramtearre troch syn oarlochsferline en is derfan oertsjûge dat er sels [[ferstjerren|stjerre]] sil as er ea noch in oare minske deasjit. Chisolm, dy't al mei Robicheaux befreone is sûnt se yn 'e Boargeroarloch oan ferskillende kanten fochten, sprekt him oan op syn ôfreis, mar Robicheaux makket him ferwiten en seit dat hy wol wit wêrom't Chisolm hjir wier is, en dat is net om 'e bewenners fan Rose Creek te rêden. Dêrnei stiget er op en riidt er fuort. Neitiid biedt Emma Cullen, dy't earder al sjen litten hat dat har [[heit]] har treflik sjitten leard hat, oan om it plak fan Robicheaux yn te nimmen.
 
De oare moarns by it [[lemieren]] arrivearret Bogue by Rose Creek mei in legerke fan in pear hûndert man. Hy lit it meastepart fan syn ûnderhearrigen ûnder lieding fan McCann in [[hynsteriden|ruteroanfal]] útfiere, dy't lykwols op gaos útrint as bliken docht dat de Sân hjir en dêr om it doarp hinne [[dynamyt]]ladings út 'e myn oanbrocht hawwe, dy't se ta [[ûntploffing]] bringe as de mannen fan Bogue dêr foarbyride. Dêrnei iepenje de mannen yn 'e rinfuorgen it fjoer. Wat in maklike oerwinning wêze moatten hie, rint út op in bloedige fjildslach, wêrby't Faraday [[ferwûne]] wurdt troch McCann, dy't sels deasketten wurdt troch Vasquez. Midden ûnder it gefjocht keart Robicheaux werom om te warskôgjen dat Bogue in wein mei in [[Gatling gun]] (in ier [[masinegewear]]) by him hat. Hy en Billy Rocks beklimme de heal útbaarnde [[tsjerketoer]] dêr't se rûnom sicht wei hawwe.
Rigel 54:
Bogue flechtet nei de tsjerke, dêr't Chisolm him yn it sin bringt wat der yn [[1867]] yn Lincoln yn [[Kansas]] bard is: Bogue hierde dêr Konfederearre feteranen út 'e Boargeroarloch yn om guon kolonisten fan har lân te ferdriuwen, wêrby't de [[mem]] en [[suster]]s fan Chisolm [[fermoarde]] waarden. Chisolm begjint Bogue te [[ferstikking|smoaren]], mar sûnder dat er it sjocht, hellet Bogue út syn [[lears]] in [[derringer]] foar it ljocht. Ear't er Chisolm mei dat [[wapen]] deasjitte kin, wurdt er lykwols sels deasketten troch Emma Cullen.
 
Neitiid betankje de doarpsbewenners fan Rose Creek Chisolm, Vasquez en Reade Rispinge ear't dy trijeresom fuortride. Faraday, Robicheaux, Billy Rocks en Horne wurde op it [[tsjerkhôf]] [[begroeven]] mei de status fan pleatslike [[held]]en. Yn in [[voice-over]] oertinkt Emma mei waarme gefoelens harren nommele selsopoffering dy't harren "treflik" (''magnificent'') makke hat.
 
==Rolferdieling==