The Magnificent Seven (film út 2016): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Plot: ts |
→Opnamen: ts |
||
Rigel 161:
Fuqua wurke úteinlik op basis fan in [[senario]] dat skreaun wie troch [[Nic Pizzolatto]] en [[Richard Wenk]]. De [[filmprodusint|produsinten]] wiene [[Roger Birnbaum]] en [[Todd Black]], foar de [[filmstudio's]] [[Metro-Goldwyn-Mayer|MGM]], [[Columbia Pictures]], [[Village Roadshow Pictures]], [[LStar Capital]], [[Pin High Productions]], [[Escape Artists]] en [[Antoine Fuqua|Fuqua Films]]. [[United Artists]], dat de [[filmrjochten]] yn eigendom hie mar ûnderwilens in ûnderdiel fan MGM wurden wie, waard op 'e [[ôftiteling]] net fermelden. Foar de remake fan ''The Magnificent Seven'' wie in [[budget]] beskikber fan [[$]]90 miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Mauro Fiore]]. [[Komponist]] [[James Horner]] waard frege foar de [[filmmuzyk]], mar [[ferstoar]] ear't er dy klear hie; syn [[freonskip|freon]] [[Simon Franglen]] makke syn wurk ôf.
De [[opnamen (film)|opnamen]] fan ''The Magnificent Seven'' setten op [[18 maaie]] [[2015]] útein benoarden [[Baton Rouge (Louisiana)|Baton Rouge]] yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Louisiana]]. Se duorren 64 dagen, en de lêste opnamedei foel op [[18 augustus]]. Behalven by Baton Rouge waard yn Louisana ek film by [[St. Francisville (Louisiana)|St. Francisville]], [[Zachary (Louisiana)|Zachary]] en [[Jackson (Louisiana)|Jackson]], en dêrnjonken yn [[Ridgway (Kolorado)|Ridgway]] yn [[Colorado]] en yn 'e wyldernis fan [[Nij-Meksiko]]. It filmjen fan 'e [[klimaks (narratology)|klimaktyske]] konfrontaasje tusken de sân helden en it leger fan Bogue duorre trije wiken, mei't de opnamen oanhâldend pleage waarden troch min [[waar]] mei [[rein (delslach)|stjalprein]] en hurde [[wyn (waar)|wyn]].
===Distribúsje===
|