Amandus- en Blasiustsjerke (Waregem): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Amandus- en Blasiustsjerke | ôfbylding = H.H. Amandus en Blasius - Waregem.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 5 mai 2021 om 18.04

De HH. Amandus- en Blasiustsjerke oan de Markt is de parochytsjerke fan de West-Flaamske stêd Waregem, Belgje.

Amandus- en Blasiustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Belgje
provinsje West-Flaanderen
plak Waregem
adres Markt 15
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 16e-17e iuw
weropbou nei ferneatiging 1920-1930
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side Pastorale Ienheid Waregem

Skiednis

 
Oargel

Waregem wie al sûnt 1119 in selsstannige parochy en yn 1984 waarden resten fan in romaansk tsjerkje fûn. It gyng om in trijeskippich krústsjerkje, wêrfan't noch in pear dielen yn de hjoeddeiske tsjerke bewarre bleaun binne. Yn 1189 foel it patronaatsrjocht ta oan it Us-Leaffrouwekapitel fan Doarnik.

De tsjerke rekke yn 1488 by de opskuor tsjin Maksimiliaan fan Eastenryk skeind, mar in diel fan de tsjerkeskat koe rêden wurde. Noch foar 1500 fûn de bou fan in nije toer plak. Ek waard it romaanske sydskip ôfbrutsen en ferfongen foar in nij sydskip dy't like breed wie as it middenskip. Tusken 1797 en 1824 waard it smelle noardlike skip ôfbrutsen en ek troch in breed skip ferfongen. Sa ûntstie de hjoeddeiske halletsjerke, Tusken 1839 en 1843 waard tsjerke nei it westen ta 12 meter langer makke.

Yn de Earste Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre en yn 1923-1924 folge in weropbou neffens in ûntwerp fan Maurice Allaert.

Arsjitektuer

De tsjerke is in trijeskippige halletsjerke mei in pseudodwersskip en krusingstoer. Oan wjerskanten fan de gevel steane treptuorren. De tsjerke is boud fan Doarnikske sânstien en de fjouwerkante krusingstoer is fan Balegemse stien.

Ynrjochting

De ynrjochting is yn klassisistyske styl en datearret fan 1775-1777. Ut de 18e iuw datearje ek de bychtstuollen en de kommunybank. De tsjerke besit in skilderij út 1650 fan Cornelis de Vos mei de foarstelling dat Jezus fan it krús wurdt ôfnommen.

Oargel

It hjoeddeiske oargel waard oarspronklik yn 1905 boud troch S. van Bever út Laken. Nei de skea fan de Earste Wrâldkriich moast it ynstrumint renovearre wurde. Yn 1990 waard it oargel mei gebrûk fan it âlde piipwurk folslein ferboud troch de firma Thomas út Stavelot.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: