Rob de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Akteur
| ôfbylding = Televisiespel Nacht en Gramschap , Rob de Vries (Jean legt een bom), Bestanddeelnr 911-2108.jpg
Line 21 ⟶ 20:
De Vries syn akteardebút wie yn 1938 yn it [[toanielstik]] ''De Wrekende God'' fan toanielskriuwer [[Eduard Veterman]].
 
Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] sleat De Vries him oan by it ferset. Hy makke diel út fan de fersetsploech ''Luctor et Emergo'', dy't ferantwurdlik wie foar it ferfalskjen fan zo'n twatûzen persoansbewizen en help bea oan delstoarte alliearde piloaten. De Vries holp ek by de ûntsnapping fan joadske bern út de Hollandsche Schouburg, it de sammelplak fan oppakte joaden dy't nei Kamp Westerbork oerbrocht waarden. De fersetsploech, ek De Vries, waard yn 1943 foar it grutste part oprôle. De Vries waard by it proses yn july 1944 frijsprutsen om't Eduard Veterman bewiislêst weiwurke troch it op te iten. Dochs kaam er yn it earstoan net frij. Op de [[Dolle Tiisdei]] hiene de Dútsers gjin ferfier foar De Vries. Hy waard troch dronken wachten yn Utert, dêr't er opsluten siet, foar dea op'e dyk benefterlitten. Hy rekke dêrnei wer belutsen by it ferset.
[[Ofbyld:Hans Tiemeyer, Bernhard Droog en Rob de Vries (1962).jpg|thumb|left|F.l.n.r. [[Hans Tiemeijer]], [[Bernhard Droog]] en Rob de Vries (1962)]]
 
De Vries, dy't der sels fan [[Joaden|joadsk]] komôf wie, slagge it yn 1943 op persoanlike titel omen help syn freondinne Hannelore Cahn út [[Kamp Westerbork]] ûntkomme te litten. Hy fermomme him as treinranzjearder en mei help fan de Drintske masinist ried er mei de posttrein Kamp Westerbork yn. Under lege sekken ferskûle ried syn ferloofde mei nei bûten ta. Nei in pear wike kaam Cahn lykwols frijwillich werom nei Westerbork. Kampkommandant [[Albert Konrad Gemmeker]] kaam syn tasizzing nei dat Cahn net op transport set wurde soe as se frijwillich weromkaam nei it kamp. Hja troude letter mei ien fan de leden fan de Joadske oarderdtsjnst.
 
Nei de oarloch spile De Vries ûnder mear yn de films ''Een koninkrijk voor een huis'', ''[[Ciske de Rat (film út 1955)|Ciske de Rat]]'', ''De Laatste Passagier'' en ''[[De Overval (film)|De Overval]]'' en yn de toanielstikken ''De wereld heeft geen wachtkamer'', ''Billy Bud'', ''[[Peer Gynt]]'' en ''[[The Diary of Anne Frank (toanielstik)|Het dagboek van Anne Frank]]''. Ek die er mei oan ferskate [[harkspul]]en.<br>