Magnum Force: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 46:
Callahan twingt Briggs om him Davis en Sweet te lienen foar de [[arrestaasje]] fan Palancio. Dyselde wurdt lykwols foarôf [[tillefoan]]ysk warskôge dat men fan doel is him te fermoardzjen en dat de dieders ferklaaid wêze sille as plysjes. Sadwaande begjinne hy en syn trewanten fuortendaliks te sjitten as Davis en Sweet by him oanklopje. Dêrby komt Sweet om it libben. Davis sjit Palancio syn trewanten dea, wylst Palancio himsels deariidt as er yn 'e auto besiket te ûntkommen. As it [[kantoar]] fan Palancio trochsocht wurdt, smyt dat hielendal gjin bewiismateriaal op dat him mei de oare moarden yn ferbân bringe kin. Dat befêstiget Callahan nochris yn syn fermoeden. Hy riddenearret dat Sweet opoffere is om him (Callahan) fan it spoar ôf te lieden.
 
As er letter dy deis thúskomt, wurdt er yn 'e parkearkelder fan syn flatgebou opwachte troch Davis, Astrachan en Grimes, dy't him foar de kar stelle om him by harren te jaan; oars sille se him as harren fijân beskôgje. Callahan stegeret har ôf. Hy ûntdekt in [[bom]] yn syn [[brievebus (hûs)|brievebus]] yn 'e hal fan it flatgebou, en is krekt op 'e tiid om it libben fan Sunny te rêden, dy't syn [[kaai]] hat en him syn [[post (brief)|post]] bringe soe. Hy wit de bom te ûnmanteljen troch de hiele brievebus los te skroeven (ynstee fan mei de kaai iepen te meitsjen). It is in bom dêr't in [[timer]] op sit en dy't dus ek as [[tiidbom]] brûkt wurde kin. Callahan besiket Early te warskôgjen, mar kin him net op 'e tiid berikke foar't er syn brievebus iepenet. In twadde bom giet ôf, en Early is op slach dea.
 
Callahan skillet Briggs op, dy't sels delkomt om 'e bom op te heljen. As se ienris tegearre yn 'e auto sitte, lûkt Briggs lykwols syn [[pistoal]]. It docht bliken dat hy de lieder fan it deadseskader is. Hy twingt Callahan om himsels te ûntwapenjen, wylst er it [[figilantisme]] fan himsels en de oaren besiket te behimmeljen mei arguminten oer it net-funksjonearjende [[rjocht]]sstysteem yn 'e Feriene Steaten. It is dúdlik dat Briggs Callahan earne mei hinne nimme wol om him te fermoardzjen, dat Callahan, dy't efter it stjoer sit, riidt in [[autobus|bus]] oan om Briggs ôf te lieden, smyt syn pistoal ta it rút út en raamt him dan mei de [[holle]] tsjin it [[dashboard]] oant er [[bewusteleas]] rekket. Grimes, dy't harren op 'e motor folge, set de efterfolging yn as Callahan besiket út te naaien, mar Callahan swaait de auto nei't er in bline bocht nommen hat en riidt Grimes dea as dy om 'e hoeke komt.