Oark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 16:
==Foarkommen==
===Iere literatuer===
It ierste foarkommen fan it wurd ''orc'' yn it [[Ingelsk]] wie yn it [[Midsiuwsk]]e [[epos]] ''[[Beowulf]]'', dêr't sprutsen wurdt fan ''orc-neas'', in wurd foar "demoanen" of "duvels". It [[Oxford English Dictionary]] kin it gebrûk fan 'e foarm ''orke'' yn elts gefal oant [[1656]] tebekfolgje (nei it [[mearke]] ''Don Zara'' fan [[Samuel Holland]]). Der wurdt oannommen dat beide foarmen, en ek it besibbe [[Oger (mytysk wêzen) |oger]] (Ingelsk: ''ogre''), dat in justjes oare betsjutting krigen hat, fia [[folksferhalen]] en yn it bysûnder mearkes yn it Ingelsk trochkrongen binne. Sa'n ûntwikkeling sjocht men ek yn it [[Frânsk]], dêr't [[Charles Perrault]] yn 'e [[santjinde iuw]] it wurd ''ogre'' ûntwikkele op basis fan 'e termen ''huorco'', ''huerco'' en ''uerco'' dy't yn 'e [[Italjaansk]]e folksferhalen fan [[sechstjinde-iuwsk]]e skriuwers as [[Giambattista Basile]] en [[Giovanni Francesco Straparola]] foarkamen. Dy trije (regionaal ferskillende) Italjaanske wurden geane sûnder mis werom op it [[Latyn]]ske ''orcus'', en datselde jildt foar de [[Spaanske]] term ''güerco'' en mooglik ek foar de ''ork'' út 'e [[folkloare]] fan [[Tiroal (regio)|Tiroal]], dy't mear in [[kabouter]] wie.
 
===Wurken fan Tolkien===