Sealen Schaaf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Oare wurden Sealesintrum > Sealensintrum.
Lebels: Al weromset Fisuële bewurking Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
(noch) gjin tusken-n yn't Frysk, seal is Ingelsk
Lebel: Al weromset
Rigel 36:
| webside = [https://www.schaafcitytheater.nl/ www.schaafcitytheater.nl]
}}
'''Sealen Schaaf''' (offisjeel [[Nederlânsk]]: '''Zalen Schaaf'''), letter koartwei '''Schaaf''' en tsjintwurdich offisjeel '''Schaaf City Theater''', mar noch altyd it bekendst ûnder de âlde namme, is in sealensintrumsealesintrum en [[teäter (gebou)|teäter]] oan 'e Breedstrjitte, yn 'e [[binnenstêd]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].<ref name="neff">{{Fuotnoat|{{NEfF|2321}}}}</ref>
[[File:Zalen Schaaf, Ljouwert1.jpg|left|180px|thumb|Sealen Schaaf.]]
 
It âldste diel fan it sealensintrumsealesintrum waard yn [[1808]] boud troch [[stedstimmerman]] [[Gerrit van der Wielen]]. Dat died er yn 'e [[tún]] fan syn eigen [[hûs]] oan 'e Sakramintsstrjitte. It kaam doe bekend te stean as 'Seal Van der Wielen'.<ref name="neff"/> Neitiid waard it sealensintrumsealesintrum withoefolle kearen ferboud en útwreide. Yn [[1920]] kaam it yn eigendom fan [[Louis Schaaf]], wêrnei't it de namme fan 'Sealen Schaaf' droech.<ref name="neff"/>
 
Benammen fan 'e [[1950]]-er oant de [[1970]]-er jierren wie it ien fan 'e wichtichste [[útgeansgelegeheid|útgeansgelegenheden]] yn Ljouwert. Behalven foar [[muzyk]] en [[dûns]] waarden de [[seal (romte)|sealen]] ek brûkt foar [[toaniel]], [[bestjoer]]sgearkomsten, [[eksamen]]s en oare doelen.<ref name="neff"/> Fan [[1995]] oant [[2009]] wie it sealensintrumsealesintrum yn besit fan [[Frans van den Borg]] en [[Ton Klein]], dy't it as 'Muzyksintrum Schaaf' ekploitearren.<ref name="neff"/> Sûnt [[2009]] is it yn eigendom fan 'e [[Ljouwert (gemeente)|Gemeente Ljouwert]].<ref name="neff"/> De eksploitaasje wie oant ein [[2018]] yn 'e hannen fan Carel Nout, dy't yn it sealesintrum û.m. [[tribute band]]s optrede liet.<ref name="lc2018">{{Fuotnoat|——, ''Zalen Schaaf blijft open met nieuwe huurder'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 22 desimber 2018, s. 23}}</ref>
 
Yn [[2018]] wie der praat fan dat Sealen Schaaf oan 'e ein fan it jier definityf ticht gean soe, temear om't Ljouwert mei [[Neushoorn]] al in oar (en nijer) needlijend sealensintrumsealesintrum hat. Dêr sette in groep Ljouwerters it tsjin yn 'e kant. Hja rjochten de [[feriening]] Freonen fan Schaaf op, dy't mei it Ljouwerter gemeentebestjoer yn petear gie oer de takomst fan it sealesintrum.<ref name="lc2018"/> Utkomst wie dat Schaaf teminsten oant en mei [[31&nbsp;desimber]] [[2019]] iepenbliuwt. Freonen fan Schaaf fersoarget yn [[2019]] de programmearring, mei as foaroanman [[Bobby Veenstra]], dy't ek yn 'e organisaasje fan it [[muzykfestival]] [[Promised Land Festival|Promised Land]] sit.<ref name="lc2018"/>
 
Yn [[novimber]] [[2019]] stimde de [[gemeenteried]] fan [[Gemeente Ljouwert|Ljouwert]] der op oanstean fan 'e fraksjes fan [[PvdA]] en [[PAL/GrienLinks]] mei yn dat Sealen Schaaf ek yn [[2020]] iepenbliuwe soe. It [[CDA]] kante him dêrtsjin oan, temear om't yn deselde snuorje út in rapport fan it ûndersyksburo KplusV bliken die dat [[Neushoorn]], dat ek troch de gemeente [[subsidiëarre]] waard, lêst ûnderfûn fan it iepenbliuwen fan Sealen Schaaf.<ref>——, ''CDA Leeuwarden vraagt sluiting Zalen Schaaf'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 27 novimber 2019, s. 31.</ref> Yn [[febrewaris]] [[2020]] waard bekendmakke dat Sealen Schaaf [[te keap]] of te hier kaam, mar net [[sloop]]t wurde mocht. As ferkeappriis stelde it Kolleezje fan B. & W. [[€]]400.000 foar, oanmerklik leger as de boekwearde fan €510.000, mar "in reëel minimum as sjoen wurdt nei de kompleksiteit en de steat fan it gebou." As hierpriis waard €50.000 yn it jier foarsteld, in bedrach dat dan troch de gemeente brûkt wurde soe foar bywurkjen fan efterstallich [[ûnderhâld]].<ref>{{Aut|Boers, Erwin}}, ''Zalen Schaaf te koop, maar niet te sloop'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 12 febrewaris 2020, s. 28.</ref>