Spitkeet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
red
 
Rigel 2:
[[Ofbyld:Nood in de venen Weeknummer, 26-05 - Open Beelden - 62023.ogv|thumb|250px|Seaddehutten yn de Drintske feanen (1926)]]
 
In '''spitkeet''', '''spithutte''' of '''plaggehutte''' is in ienfâldige mei heideseadden bedektebedutsen hutte.
 
Plaggehutten stienen yn de earmoedichste stikkenparten fan Fryslân, mar ek yn [[Drinte]] en [[Oerisel]]. Hjiryn wennen de alderearmste arbeiders, faak mei grutte húshâldings. Guon seaddehutten waarden oant yn it begjin fan de [[20e iuw]] bewenne.
 
In plaggehutte wie in tige ienfâldich bouwurk. Meastal foar in gedielte útgroeven yn de grûn en sûnder sydmuorren sadat it dak op grûnhichte begûn. It dak wie beklaaid mei seadden dy't út it omlizzende lân stutsen waarden.
Rigel 11:
Dêr gou de net-skreaune regel dat in nij hûs stean bliuwe mocht as it tusken sinne-ûndergong en sinne-opgong boud wie en de skoarstien moarns rikke.
 
De leefomstannichheden wienen ferskuorrende min. Troch de bouwize wie itde fertrekhutte min te ferwaarmjen, fochtich en it tilde der op fan ûngedierte. Bewenners fan spitketen waarden dan ek net sa âld. De [[wenningwet]] fan 1901 ferbea it wenjen yn plaggenhutten, mar ferfangende wenten waarden mar in bytsje oanbean. Sadwaande wiene der plakken, lykas [[Jobbegea]]-[[Hoarnstersweach]], dêr't noch tsientallen jierren yn spitketen wenne waard.
 
Der binne in pear plakken yn [[Nederlân]] dêr't toeristen nachts yn spitketen sliepe kinne.