Filmsearje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L [[]] oars
Rigel 4:
In filmrige kin fan it begjin ôf oan pland wurde, bygelyks as in [[trilogy]]. Men kin dan tinke oan ''[[The Lord of the Rings (filmsearje)|The Lord of the Rings]]''-[[trilogy]] fan 'e [[Nij-Seelân|Nijseelânske]] [[regisseur]] [[Peter Jackson]] (''[[The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring]]'', ''[[The Lord of the Rings: The Two Towers]]'' en ''[[The Lord of the Rings: The Return of the King]]''). In oar foarbyld is de filmtrilogy ''[[Trois Couleurs]]'', fan 'e [[Poalen|Poalske]] regisseur [[Krzysztof Kieślowski]], mei de films ''[[Trois Couleurs: Bleu]]'', ''[[Trois Couleurs: Blanc]]'' en ''[[Trois Couleurs: Rouge]]''. Soms docht de earste film it yn 'e bioskopen net goed genôch, en wurdt de rest fan 'e searje skrast. Soks barde bgl. mei ''[[The Golden Compass (film)|The Golden Compass]]''.
 
It komt lykwols ek in protte foar dat in [[film]] it sa goed docht yn 'e [[bioskopen]], dat de makkers beslute om ien of mear [[ferfolchfilm]]s (''sequels'') te meitsjen. Dat wie bgl. it gefal by films as ''[[Dirty Harry (film)|Dirty Harry]]'', ''[[Die Hard (film)|Die Hard]]'' en ''[[American Pie (film)|American Pie]]''. Soms kiest men derfoar om in [[prequel]] te meitsjen, in film dy't spilet foarôfgeande oan 'e oarspronklike film. Dat wie bgl. sa mei ''[[Butch Cassidy and the Sundance Kid]]'', dy't einige mei de [[dea]] fan 'e beide haadpersoanen. Doe't dy film in grut súkses waard, besleat men om ''[[Butch and Sundance: The Early Days]]'' te meitsjen, dy't de jonge jierren fan 'e beide haadpersoanen sjen lit.
 
==List fan súksesfolste filmsearjes==