Mamma Mia! (film út 2008): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 46:
Ut it geitehok bonsjoerd troch Donna, lûke de mannen har werom op 'e [[sylboat]] fan Bill. Dêr fynt Sophie harren wer, dy't benaud is dat har mooglike heiten ôfsette sille. De mannen stelle har gerêst: se binne fan inkeld fan doel en [[silen|syl]] om it eilân hinne, om by Donna út 'e buert te bliuwen. Sophie sylt mei en ûnderweis komt se better mei elts fan 'e trije mannen yn 'e kunde. Neitiid is se fan doel en bychtsje de útnûging fan har mooglike heiten op oan har [[ferloofde]] Sky, mar om't se bang is dat er har dêrfoar [[beskrobbing|beskrobje]] sil, ferliest se de [[moed]] en wynt har derfoar wei. Ynstee fertelle se inoar hoefolle oft se [[leafde|faninoar hâlde]], oant Sky troch syn maten ûntfierd wurdt foar syn [[frijfeintefeest]].
 
Dyselde [[jûn]]s fersoargje Donna, Tanya en Rosie op it [[frijfammefeest]] fan Sophie foar it earst yn [[desennia]] in [[optreden]] as Donna and the Dynamos. As Sam, Bill en Harry dêr arrivearje, beslút Sophie om mei elts fan harren ûnder fjouwer eagen te praten. Fan Bill heart se dat Donna oan har hoteltsje kommen is út in [[beërf]] fan syn [[âldmuoike]] Sofia, nei wa't Sophie [[ferneamen|ferneamd]] is. Hy hat dat nea goed begrepen, want yn it [[testamint (akte)|testamint]] stie dat it gebou nei in [[famyljelid]] gien wie. Ynienen falt by Bill it kwartsje en freget er Sophie hoe âld oft se persiis is. Hy beseft dat hy har heit wêze moat en seit ta dat er har [[weijaan (trouwerij)|weijaan]] sil op har trouwerij en ek dat er syn ûntdekking oant dy tiid geheim hâlde sil. Sophie is de wrâld te ryk, mar dat duorret net sa lang, want ek Sam en Harry binne, los faninoar, ta it besef kommen dat se har heit wêze moatte, en beide nimme se har apart en drukke se har op it hert dat se har weijaan sille op 'e trouwerij. It wurdt Sophie tefolle en se [[flaufallen|falt derhinne]].
 
De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] bewissigje Tanya en Rosie Donna derfan dat sy wol ôfweve sille mei de trije mannen, dy't Donna noch altyd fuorthawwe wol. Nettsjinsteande harren ûntjit oan Sophie steane Bill en Harry op it punt om inoar fan harren ûntdekking te fertellen as se troch Rosie ûnderbrutsen wurde. Underwilens biedt Donna oan Sophie oan om 'e trouwerij ôf te sizzen, om't se mient dat Sophie der de jûns tefoaren hinne fallen is om't se sa tsjin 'e trouwerij opsjocht. Sophie ûntstekt lykwols yn [[lulkens]] en seit dat alles wat se wol is om net deselde libbensflaters te meitsjen as har mem. Neitiid sprekt Sam Donna oan, mei't er noch altyd [[smoarfereale]] op har is, en hoewol't Donna syn gefoelens beäntwurdet, hat se him net [[ferjeffenis|ferjûn]] dat er har sitte litten hat om thús gau mei syn ferloofde te trouwen. Op it [[strân]] set Tanya har [[flirt]]en fan 'e foargeande jûns mei de [[negroïde|swarte]] [[barkeeper]] Pepper fuort, dy't sa jong is dat se syn mem (of, neffens Rosie, syn [[beppe]]) wol wêze kin.