De '''Galapagospenguin''' (''Spheniscus mendiculus'') is soarte yn it skaai fan de [[brilpinguinsbrilpinguïns]] dy't foarkomt op 'e [[Galapagoseilannen]]. It is de ienichste pinguinsoartepinguïnsoarte dy't by de [[evener]] libbet, en dêrmei op it noardlik healrûn foarkomme kin. Dat de GalapagospinguinGalapagospinguïn yn dy omkriten libje kin komt omdat de kâlde golfstream fan [[Humboldtstream]] de temperatuer leech hâldt. Nei alle gedachten is dy golfstream ek de rûte dy't de pinguinspinguïns nei de Galapagoseilannen brocht hat. De measte GalapagospinguinsGalapagospinguïns libje op [[Fernandina]] en oan de westkust fan [[Isabella]], mar der libje ek lytse groepkes op de oare eilannen.