Anton Tsjechov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 8:
 
== Biografy ==
Anton Pavlovitsj Tsjechov waard berne yn Taganrog, in havenstêd oan de [[See fan Azov]] yn Súd-Ruslân, as tredde soan fan in winkelman. Yn [[1876]] flechtet syn heit foar skuldeaskers nei [[Moskou]]. Anton bliuwt yn Taganrog om it gymnasium ôf te meitsjen. Trije jier letter foeget de jonge Tsjechov him by syn famylje yn Moskou en begjint oan de stúdzje medisinen. Yn [[1884]] wurdt er dokter en begjint er in eigen praktyk, dêr't er lykwols trije jier letter mei ophâld om him hielendal oan de skriuwerij wijdzje te kinnen.
 
Troch syn stúdzje en letter as dokter sjocht Tsjechov allerhanne minsklike ellende, sykte en dea, ûnderfinings dy't syn witten fan de minsklike psyche fergrutsje en dy't letter ek syn ferhalen ferrykje.