Adam Westerman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
red
Rigel 3:
Hy studearre sûnt [[1597]] [[teology]] oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Hy wie predikant yn [[Gaast]] (1600), [[Starum]] (1602), [[Easterlittens]] (1616) en [[Warkum]] (1619-1635). Westerman hat twa kear troud west. Syn earste frou hjitte Habel en by har hie er bêrn. Op 28 juni 1607 troude hy yn [[Dronryp]] mei Geeltje Johannesdr.
 
Troch syn neilitten wurken wurdt er wol sjoen as in fertsjintwurdiger fan de [[Fierdere Reformaasje]]. Westerman hie grutte ynfoed yn de classisklassis Boalsert-Warkum en yn de skippersmienskippen fan syn regio, de Fryske Súdwesthoeke.
 
Westerman wie de skriuwer fan û.o. it stichtlike boek ''(Groote) Christelijcke Zee-vaert'', ornearre foar seelju -ûnderweis. Hy warskôget yn ditdat wurk ûnder oaren foar "byleauwigens, frjemde froulju, drank en tabak". It grutste part fan it boek foarmje 26 preken. Yn 1628 publisearre er ''Vrye jaer-merckt voor den volcke Zion''. Yn dit boek set hyer him ôf tsjin de gebrûken op jiermerken en yn it algemien tsjin dronkenskip en huorkerij. Dernjonken bin fan him op syn minstteminsten noch fiif wurken bekend.
 
''Christelycke Zee-vaert'' waard foar it earst printe yn 1611. Dêrnei folgen oant 1630 sân ferbettere en útwreide drukken. Fan de 1630-fersyferzje binne eksimplaren bewarre bleaun en der bestean ek noch werprintigen fan in edysje út 1616. Yn 1635 ferskynde Westermans ''Groote Christelijcke zee-vaert''. Feitelik wie dat de earste fersy fan in folsein fernijd boek, wat yn de titel ta útdrukking komt. Oant fier yn de 18e iuw waard dat boek tsientallen kearen fannijs printe. Yn 1659 waard sels in fersyferzje yn it [[Deensk]] útbrocht. Oan de Nederlânske utjeften fan nei 1630 is in skiednis fan [[Starum]] taheakke. By tradysjoneeltradisjoneel-grifformearden is de belangstelling foar dat boek fan Westerman nea fuort west; it kin anno 2020 yn werprinte foarm noch besteld wurde.
== Wurk ==