Filmfestival: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L red
 
Rigel 4:
De measte films dy't op filmfestivals oanpriizge wurde, binne koartlyn makke, of it moat wêze dat it festival in [[tema]] hat yn it ramt wêrfan't films út 'e âlde doaze wer op 'e nij foar it fuotljocht brocht wurde. Guon films hawwe har alderearste fertoaning op in filmfestival en geane dêr dan dus yn [[premiêre]] (hoewol't beskate film[[histoarisy]] in premiêre op in filmfestival net as in 'echte' premiêre beskôgje). Ofhinklik fan wêr't it oanbelangjende filmfestival him op rjochtet, kinne der regionale, binnenlânske en/of bûtenlânske films te sjen wêze. As der ek bûtenlânske films fertoand wurde, hat it filmfestival ornaris it wurd 'ynternasjonaal' yn 'e [[namme]]. Guon filmfestivals rjochtsje har op films fan ien beskaat [[sjenre]], lykas [[film noir]], [[horror]] of [[science fiction]]. Oer it algemien wurde op filmfestivals sawol [[spylfilm]]s as [[koarte film]]s fertoand, en faak ek [[dokumintêre]]s.
 
De meast prestizjeuze filmfestivals fan 'e wrâld binne it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]], yn [[Frankryk]], it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn]], yn [[Dútslân]], en it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje]], yn [[Itaalje]]. Dy eveneminten wurde soms de "Grutte Trije" neamd. It grutste filmfestival bûten [[Jeropa]] is it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto]], yn [[Kanada]]. It âldste filmfestival is dat fan [[Feneesje]], dat datearret fan [[1932]]. De âldste filmfestivals fan [[Noard-Amearika]] binne it [[Ynternasjonaal Film- & Fideo FestivalFideofestival fan Columbus]], yn [[Ohio]] (ek bekend as [[The Chris Awards]]), dat foar it earst holden waard yn [[1953]], en it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan San Francisco]], yn [[Kalifornje]], dat ûntstie yn [[1957]]. Tegearre hawwe dy beide festivals in grutte rol spile by it yntrodusearjen fan bûtenlânske films yn 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[Fryslân]] wurdt elts jier yn [[oktober]] it [[Noardlik Film Festival]] holden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=