Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr: "ferjagen"; "ferjoegen" is de doetiid fan "ferjaan"
Rigel 1:
[[File:Bundesarchiv Bild 146-1985-021-09, Flüchtlinge.jpg|thumb|upright=1.35|250px|''Dútske flechtlingen yn 1945 (Deutsches Bundesarchiv)'']]
De '''Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich''' wie in etnyske suvering fan [[Dútsers]] út fral [[East-Europa]], mar ek út oare dielen fan [[Europa]]. Miljoenen Dútsers dy't oant it ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] bûten de hjoeddeiske [[Dútslân|Dútske]] en [[Eastenryk]]ske grinzen wennen, waarden twongen nei [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] te ferhûzjen. Earder Dútsk gebiet waard tawiisd oan de [[Sovjet-Uny]] en [[Poalen]], mar ek [[Tsjechoslowakije]], [[Hongarije]], [[Roemeenje]], [[Joegoslaavje]] en oare Sintraal-Europeeske lannen ferjoegenferjagen etnyske Dútsers fan harren wenstee.
 
Tusken 1944 en 1948 binne miljoenen minsken, wêrûnder ''Reichsdeutsche'' (Ryksdútsers, Dútsers mei de Dútske nasjonaliteit) en ''Folksdeutsche'' (Folksdútsers, etnyske Dútsers), permanint of tydlik út Sintraal- en East-Europa ferdreaun. Yn 1950 wiene meiïnoar al likernôch 12 miljoen Dútsers twongen út dat diel fan Europa nei it troch de [[Alliearden| alliearde]] krêften [[Alliearde besettingssônes fan Dútslân|besette Dútslân]] en [[Eastenryk]] te flechtsjen. Neffens it Dútske regear giet it om in totaal fan 14.6 miljoen, ynklusyf in miljoen etnyske Dútsers dy't harren yn de Twadde Wrâldkriich nei wenjen setten hiene yn besette gebieten en etnyske Dútsers dy't nei 1950 noch nei Dútslân flechten. De grutste oantallen kamen fan de eastlike gebieten fan Dútslân, dy't nei de Twadde Wrâldkriich oan Poalen en de Sovjet-Uny oerdroegen waarden (likernôch 7 miljoen) en út Tsjechoslowakije (likernôch 3 miljoen).