Ferskil tusken ferzjes fan "Drug"

447 bytes grutter ,  7 moannen lyn
Crack is in foarm fan kokaïne, net fan heroïne, en de miggeswam is gjin paddo.
L (→‎Ferdôvjende middels: formulearring feroare, sjoch oerlis)
(Crack is in foarm fan kokaïne, net fan heroïne, en de miggeswam is gjin paddo.)
:Dit middel stiet (fral by lju dy't it inkeld kenne út [[tillefyzjesearje]]s en [[film]]s) ek wol bekend as de [[date rape]]-drug, dy't yn swierdere doazes in bedwelmjende wurking hat en dêrom wol troch [[ferkrêfter]]s temûk oan harren [[slachtoffer]]s tatsjinne wurdt. De measte brûkers nimme it (yn lichtere doazes) lykwols gewoan sels yn op in [[feest]]je of in [[muzykfestival]].
*[[opiaat|opiaten]]
:Ta de opiaten hearren [[opium]] en it opiumderivaattal opiumderivaten, dêr't [[heroïne]]. Fanit heroïneferneamdste fan is. danDe weraktive [[crack]]stof ôflaat.yn Sterk relatearre oan heroïneopium is fierders [[morfine]], dat behalven as drug ek yn 'e [[genêskunde]] brûkt wurdt as in sterke [[pinestiller]]. Hoewol't heroïne ek in sterk pinestiljend effekt hat, wurdt it troch de brûkers benammen priizge as in geastlik ferdôvjend middel. It wurdt [[smoken|smookt]], [[ynhalaasje|snúfd]] of [[ynjeksje|spuite]] en hat in sterk ferslaavjende wurking. Untwenningsferskynsels binne û.m. [[kâlde rillen]], [[eangst]]en, in algemien gefoel fan ûnbehaach en in sterke [[craving]] (oanstriid om it wer te nimmen). In oar oan heroïne besibbe middel is [[metadon]], dat by ôfkicken faak ôfbouwend tatsjinne wurdt om slimme ûntwenningsferskynsels foar te kommen dy't ûntstean soene by abrupt ôfkicken (''[[cold turkey]]''). By lang oanholden gebrûk, kin metadon lykwols oanhâldende ôfkickferskynsels feroarsaakje.
[[File:Cocaine lines 2.jpg|right|thumb|250px|Lyntsjes [[kokaïne]] lizze klear om op te snuven.]]
 
:Kaffeïne sit fral yn [[kofje]], mar bgl. ek yn [[sûkelarje]] en [[kola]]. It hat in licht stimulearjende wurking en is frijwol oeral op 'e wrâld legaal. It is de meast brûkte drug fan 'e wrâld.
*[[kokaïne]]
:Kokaïne is fral geastlik ferslaavjend; behalven ferheftige [[agitaasje]], [[agresje]], [[craving]] (in sterk longerjen nei it middel) en [[wurgens]] komme der by it ôfkicken dêrfan gjin echte lichaamlike ûntwenningsferskynsels foar. Fan kokaïne bestiet ek in smookbêre foarm, [[crack]], dy't noch folle krêftiger en ferslaavjender is.
*[[laitsgas]]
*[[MDMA]]
:In sterk hallusinogene stof dy't troch [[Yndianen]] út [[Meksiko]] en it [[Amerikaanske Súdwesten]] wûn waard út 'e [[peyote]]kaktus. Tsjintwurdich komt de measte meskaline fan 'e [[San Pedrokaktus]], om't de peyotekaktus no bedrige is.
*[[paddo|paddo's]]
:Dit binne drûge hallusinogene [[poddestuollen]] mei [[psilosibine]] as (wichtichste) aktive stof. Hast alle poddestuollen fan it skaai ''[[Psilocobe]]'' binne paddo's; dêr komme noch in paar net-ferwante soarten ta. Der binne noch oare poddustuollen mei in psigoaktive wurking, lykas de [[miggeswam]], mar dy hawwe in oare komposysje en wurde dêrom net ta de paddo's rekkene.
:Dit binne drûge hallusinogene [[poddestuollen]], lykas [[kealkopke]]s of de [[miggeswam]].
Yn minder sterke mjitte hearre ek [[absint]] en [[hop (plant)|hop]] ta dizze kategory. Hallusinogene middels binne allegear yn hegere of mindere mjitte [[psychodysleptikum|psychodysleptysk]], wat betsjut dat se it bewustwêzen feroarje en/of ferromje. Se feroarsaakje faak [[hallusinaasje]]s: waanfoarstellings dy't op dat stuit as echt ûnderfûn wurde. Dat is fral sterk it gefal by paddo's en MDA. It bekende LSD feroarsaket faak gjin wiere hallusinaasjes om't de brûker him dêrby faak bewust bliuwt of bliuwe kin fan it feit dat wat er ûnderfynt net ta de wurklikheid heart.
 
 
Mank de [[Kosa (folk)|Kosa]] (''Xhosa'') fan [[Súd-Afrika]] hat de plant ''[[Silene undulata]]'' in hillige status, wêrfan't de [[woartel (plant)|woartel]] troch de [[sjamanen]] brûkt wurdt om libbene, neffens de Kosa [[profetysk]]e, [[dream]]en op te wekjen. De [[medisyn]]mannen fan 'e [[Mazateken]], yn [[Meksiko]], brûke de plant ''[[Salvia divinorum]]'' om fizioenen op te wekjen, en yn it [[Amazônegebiet]] wurdt dêrfoar ''[[ayahuasca]]'' brûkt, in brousel dat makke wurdt fan 'e [[liaan]] ''[[Banisteriopsis caapi]]'' en oare [[yngrediïnt]]en. Fierders brûkt it [[rastafarianisme]], in godstsjinst dy't gjin natoerreligy is, mar benammen op [[Jamaika]] beliden wurdt, it smoken fan [[marihûana]] (''ganja'') as in religieus [[sakramint]].
 
In drug dy't brûkt wurdt by religjeuze rituelen neamt men in ''enteogeen''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
669

bewurkings