Mosk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tafoeging
Rigel 7:
}}
[[Ofbyld:Passer domesticus domesticus MHNT.ZOO.2010.11.208.jpg|thumb|'' Passer domesticus domesticus '']]
De '''mosk''' of '''húsmosk''' (''Passer domesticus'') is in lytse ta middelgrutte [[Sjongfûgels|sjongfûgel]] dy't benammen fan sied en [[ynsekten]] libbet. Tegearre mei sa'n tweintichfjirtich oare moskesoarten sa as de [[fjildmosk]] foarmet er it geslacht[[skaai (taksonomy)|skaai]] ''Passer''. Mei sân oare skaaien foarmet dit skaai de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[moskfûgels]] (''Passeridae''), dy't sa'n 63 soarten befiemet.
 
== Foarkommen ==
Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken[[fjildmosk]]en. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de Fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.
 
De 14-16 cncm grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. De fûgel komt foaral yn doarpen en stêden foar, minder yn de bosken. Mosken binne siediters, mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei [[ynsekten]].
 
== Fersprieding ==
[[Ofbyld:PasserDomesticusDistribution.png|thumb|300px|right|fersprieding, yn ljochtgrien it gebiet dêr't de mosk troch yntroduksje troch de minsk foarkomt]]
It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan de Mosk leit yn [[Jeropa]], [[Noard-Afrika]] en [[Aazje]]. Sûnt it midden fan de 19e iuw hat de mosk op tal fan oare kontinenten syn plak fûn en is dêrtroch ien fan de fûgels mei it grutste ferspriedingsgebiet.
 
==Taksonomy==
De soarte ''Passer domesticus'' omfiemet 12 ûndersoarten: ''P. d. domesticus, balearoibericus, biblicus, hyrcanus, persicus, indicus, bactrianus, parkini, hufufae, tingitanus, niloticus'' en ''rufidorsalis''. De ûndersoarte ''domesticus'' ("nominaatfoarm") is de noardlikste, dy't fan [[West-Jeropa]] oant noardlik [[Japan]] foarkomt, en ek yn oare parten fan 'e wrâld yntroduseare is. De Italiaanske foarm is sa ferskillend fan 'e oare foarmen dat er tsjintwurdich as aparte soarte [[Italiaanske mosk]] (''Passer italiae'') beskôge wurdt.
 
== Nêstplakken ==