Grinzer Strjitwei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
|Ofbyld=Kaart_Provinciale_weg_355.png
}}
[[Ofbyld:N355.PNG|thumb|right|350px|''Detailkaart trajekt'']]
De '''Grinzer Strjitwei''', offisjele namme: '''Provinsjale wei 355''' of '''N355''', is in [[provinsjale wei]] yn [[Fryslân]] en [[Grinslân]] dy't [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] in direkte ferbining mei [[Grins (stêd)|Grins]] jout. Dy dyk bestiet al sûnt [[1821]]. De Grinzer Strjitwei hat lange tiid de wichtichste ferbining west tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Grins (stêd)|Grins]], oant dy funksje oernaam waard troch de [[Wâldwei]] en de [[A7]].
 
De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint noardlik om [[Hurdegaryp]] hinne nei de ovonde op ûngelikese hichte by [[Quatrebras (buorskip)|Quatrebras]] dêr't er mei de [[N356]] ([[Sintrale As]]) ferbynt. Fan dêr rint de dyk troch [[Noardburgum]] en [[Twizel]] en giet er om [[Bûtenpost]] hinne. Dêrnei rint er oer de [[Lauwers]] [[Grinslân]] yn, dêr't er ''Fryske Strjitwei'' hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer [[Gryptsjerk]] en [[Nijesyl (Grinslân)|Nijesyl]], en krúst tusken [[Noardhorn]] en [[Súdhorn]] oer it [[Van Starkenborghkanaal]]. Fan dêr rint de N355 nei Grins dêr't er oanslút op de [[N46]].
 
De dyk is foar it grutste part in twastripe-ûntslutingsdyk mei bûten de [[beboude kom]] in maksimumfaasje fan 80 km/o. Tusken Ljouwert en Hurdegaryp is de dyk in 2x2 [[autowei]] mei in maksimumfaasje fan 100 km/o.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:N355.PNG|thumb|right|350px|''Detailkaart trajekt'']]
De dyk waard yn [[1842]] in [[ryksstrjitwei]] tusken Ljouwert en Grins. Yn it [[Rykswegeplan 1927|rykswegeplan]] fan 1932 waard de dyk nûmere as Rykswei 39, dy't yn Ljouwert oansleat op Rykswei 9 ([[Amsterdam]] - [[Alkmar]] - [[Ofslútdyk]] - Ljouwert) en yn Grins op Rykswei 42 rjochting [[Nijeskâns]] dat it eastlike part fan de hjoeddeistige [[Rykswei 7]] is. Yn de rykswegeplannen fan 1938, 1948 en 1958 hold de dyk nûmer 39.
 
Healwei de [[1950-er jierren]] waard it earste Nederlânske N-wegenûmersysteem opsteld, dy't yn 1957 ynfierd waard. Ynearsten waard de dyk Amsterdam - [[Den Oever]] - Ljouwert - Grins - [[Delfsyl]] nûmere as N89. De pleatslike bestjoeren fan de Keamers fan Keaphannel by de rûte del wisten de oerheid yn 1959 derfan te oertsjûgjen fan it ynternasjonale belang fan de rûte. Gefolch wie dat de E10, dy't dêrfoar fan [[Belgje]] ôf oer [[Rotterdam]] nei Amsterdam rûn, ferlinge waard oer de rykswegen 7, 9 en 39 nei Grins. Oant it ynfieren fan de hjoeddeistige N-wegenûmersysteem yn 1976 rûn de N89 allinnich mar fan Grins nei Delfsyl.
 
Fan it rykswegeplan fan 1968 waard Rykswei trochlutsen fan Ljouwert ôf nei Grins en dêrmei kaam Rykswei 39 tenei te ferfallen. Doe't healwei de [[1970-er jierren]] in nij N-wegenûmersysteem opsteld waard, waard de rûte [[Surch]] - [[Harns (stêd)|Harns]] - Ljouwert - Grins - Delfsyl de N41. Dat nûmer waard lykwols tusken Surch en Ljouwert nea bebuorde, want êr waard wiles A/N31 brûkt. Tusken Ljouwert en Grins waard it nûmer allinnich mar op in boerd by [[Bûtenpost]] set. Mei yngong fan rykswegeplan 1984 waard de dyk de plakferfangende dyk en nûmere as Rykswei 855. Om dy tiid hinne, kaam de N355 ek op de bebuording. Sûnt it ynfieren fan it nije E-wegenûmersysteem yn 1985 ferlear de dyk ek syn status as E-dyk. De E10 waard tenei tusken Amsterdam en Grins ferfongen troch de E22 dy't fan Surch ôf oer [[Snits]] en [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] rûn.
 
Lang om let waard de dyk yn it ramt fan de Wet fan it fannijs ferpartsjen fan de Wegebehear mei ynong fan 1 jannewaris 1993 oerdroegen oan de provinsjes Fryslân en Grinslân.
 
De dyk waard tusken 2010 en 2015 op ferskate plakken feroare. By Bûtenpost is der in nije rûnwei oanlein en de dyk waard yn [[Twizel]] folslein fannijs oanlein. Yn it ramt fan de [[Sintrale As]] waard de N355 benoarden Hurdegaryp as in rûnwei oanlein.
 
== Sjoch ek ==