Provinsjale wei 384: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
red
 
Rigel 7:
De '''provinsjale wei 384''' of '''N384''' is in provinsjale wei fan 24,8 km yn [[Fryslân]]. De wei foarmet in ferbining tusken de [[provinsjale wei 393|N393]] by [[Tsjummearum]] en de [[provinsjale wei 354|N354]] by [[Dearsum (Súdwest-Fryslân)|Dearsum]]. De N384 waard foar it meastepart yn 'e [[1960-er jierren|sechtiger]] jierren oanlein, mar it trasee tusken [[Frjentsjer]] en [[Winsum (Fryslân)|Winsum]] waard pas yn 'e midden fan de jierren santich nij oanlein en yn [[1977]] iepene. Benoarden [[Frjentsjer]] slút de wei oan op de [[rykswei 31|A31]] rjochting [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
De wei is útfierd as twastrooks-gebietsûntslutingswei mei bûten de [[beboude kom]] in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente [[Waadhoeke]] hjit de wei efterienfolgens ''Kade'', ''Hegesylsterwei'', ''TzummarumerweiTsjummearumerwei'', ''Frjentsjerterwei'', ''Boargemaster J Dijkstrawei'', ''Lutje Lollumerwei'' en ''Suderpolderwei''. Yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]] hjit de dyk ''Froonackerdyk'' en ''Harstawei''.
 
{{DikenFryslân}}