Fagina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L red

Rigel 1:
[[Ofbyld:Female genitalia inner.JPG|thumbnail|250px|De fulva
1 = [[Klitoarisfoarhûd]],
2 = [[Klitoaris]],
3 = [[Skamlippen|Binnenste skamlippen]],
4 = Fagina-iepening,
5 = [[Skamlippen|Bûtenste skamlippen]]]]
De '''fagina''' of '''skie''' is it ynwindige diel fan it [[orgaan (lichemsdiel)|geslachtsorgaan]] dat by froulike bisten (wêrûnder de minsk) de [[liifmoer]] mei de bûtenkant fan it lichem ferbynt. It útwindige diel wurdt [[fulva]] neamd.

De fagina is geskikt om de [[penis]] yn te bringen by it [[geslachtsferkear]] of ''koïtus''. At dêr in swierwêzen út fuortkomt, is de fagina in diel fan it [[bertekanaal]] by de [[befalling]].
Rigel 12:
As in frou rjochop stiet, stiet de faginale buis yn in nei efteren omheechsteande posysje en foarmet in hoeke fan efkes mear as 90 graden mei de [[liifmoer]] (''uterus'').

Yn de fagina is ôfskieding oanwêzich, [[faginale ôfskieding]] (at dy abnormaal is hjit dat ''[[fluor faginalis]]''). De ôfskieding bestiet út slym produsearre troch de liifmoermûle (''cervix'') en ôfstjitten epiteel fan de fagina. De fagina[[sel]]len befetsje glykogeen, wat omsetten wurdt ta [[molksoer]] (''laktaat'') troch de [[Lactobacillus]]. Dy [[baktearje]] heart hjirdêr thús en soarget derfoar dat troch molksoerproduksje de [[soergraad]] fan de fagina leech bliuwt. Dat soarget dêrfoar, tegearre mei de slymproduksje út de liifmoermûle, dat der gjin baktearjen, dy't [[ynfeksje]]s yn de liifmoer en de [[liifsholte]] jaan kinne, nei boppe ta gean kinne. De ôfskieding is ornaris rookleas en jout fierder gjin klachten en hjit dêrom ek wol ''fluor albus'', 'wite ôfskieding' of [[wite floed]]. Hoefolle der is hinget ôf fan de [[syklus]]. Healwei de syklus, om de [[aaisprong]] (ovulaasje) hinne, nimt de ôfskieding ta, dêrnei wer ôf.
Ôfskieding kin ek tanimme by [[seksuele opwining]]. Troch ferhege bloedtafier ûntstiet [[kongestje]] fan [[bloed]] en dêrtroch komt focht troch de wand fan de fagina (''transudaasje''). Fierders wurdt ôfskieding produsearre troch de [[klieren fan Bartholin]] by de fagina-iepening.