Reboelje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: [[]] better
Rigel 34:
Yn [[2002]] gie Reboelje wer it téater yn, mei it programma 'Blau Paradys'. Op 'e nij mingde de band muzyk mei oare keunstfoarmen, yn dat programma wienen dat film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Ek [[Three-ality]] die mei oan it programma. Dat jier waard Reboelje ek de [[Bernlefpriis]] takend, dy't de provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie.
 
In jier letter, by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn [[2003]] as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter [[Gysbert Japiks]] opfierd waard, luts Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy waard yn de rockopera ferfongen troch [[Tsaerd Nauta]]. Op [[2 novimber]] [[2003]] hold de groep op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme [[Swee (band)|Swee]], mar Marius de Boer beslút yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen. Lykwols begûn er yn 2005 as soloartyst [[Mariusz]].
 
Reboelje hat fan [[2004]] oant en mei [[2007]] mei it liet ''[[Marije Maria]]'' boppe oan stien yn de [[Fryske Top 100]]. Ek yn de jierren dêrnei is de band heech yn de list fan de Fryske Top 100 te finen.