Katedraal fan Metz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
→‎Bouskiednis: [[]] better
Rigel 37:
== Bouskiednis ==
[[File:La nef de la cathédrale Saint-Étienne (Metz) (4971571641).jpg|thumb|175px|left|<center>''It middenskip fan de katedraal''</center>]]
De Sint-Stefanusdom fan Metz waard boud op it plak dêr't al sûnt de 5e iuw in oan [[Stefanus (martelder)|Stefanus]] wijde tsjerke stie. Neffens [[Gregoarius fan Tours]] wie it Stefanushillichdom it iennige bouwurk dat by de plondering troch [[AtillaAttila]]'s [[Hunnen]] yn it jier 451 sparre waard. De bou fan in goatyske katedraal begûn yn 1220 binnen de muorren fan in [[Ottoanen|Ottoanske]] basilyk út de 10e iuw. Troch de yntegraasje fan in 12e-iuwske goatyske kapel yn de nije katedraal oan it westlike ein ûntbriek in westlik haadportaal. It súdwestlike portaal fan de katedraal is de yngong fan dy eardere kapel. De bouwurksumheden waarden om 1520 hinne foltôge en de katedraal waard op 11 april 1552 plechtich ynwijd.
 
De Frânske arsjitekt Jacques-François Blondel mocht yn 1755 it [[Neoklassisisme|neoklassisistyske]] portaal oan de westkant fan de katedraal ûntwerpe. Foar syn ûntwerp moasten in oangrinzgjend kleaster en trije oanboude tsjerken ôfbrutsen wurde. De wurksumheden waarden yn 1764 foltôge.