Katedraal fan Carlisle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 39:
Yn 1133 krige de tsjerke de status fan katedraal; de earste biskop fan Carlisle wie Athelwold (1133-1355). Yn 1233 kamen der noch twa oare bruorskippen yn de stêd, tichteby de katedraal waarden in [[Dominikanen|dominikaansk]] en in [[Fransiskanen|fransiskaansk]] kleaster boud. De katedraal waard yn de 13e en 14e iuw renovearre en krige in ympuls fanwegen de oanwêzigens fan it hôf fan [[Edwert I fan Ingelân|Edwert I]] yn 1307.
 
[[Ofbyld:Tomb of Francis Close.jpg|thumb|Grêf fan Francis Close, dekaan fan 'e katedraal (1856-1881)]]
Yn de 15e en 16e iuw waarden de kleastergebouwen fernijd. Mei it opheffen fan de kleasters yn 1536 en de stifting fan de Tsjerke fan Ingelân troch [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]] as de offisjele steatstsjerke ferdwûnen ek de dominikaanske en fransiskaanske bruorskippen út Carlisle. Krektas oare kleasterkatedralen waarden se tenei bestjoerd troch in sekulier kapittel, lykas dat yn Lincoln en York noch jimmeroan sa is.