Jack Kooistra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl:
- wyt
 
Rigel 4:
 
Kooistra spoarde yn [[1992]] mei it telefyzjeprogramma ''Reporter'' fan de omrop [[KRO]] de kollaborateur [[Jacob Luitjens]] op yn [[Kanada]]. Kanada wiisde him út en Luitjens waard yn Nederlân ta 28 moannen finzenisstraf feroardield. Yn 1993, ek yn 'e mande mei Reporter, gie er nei Dútslân om de oarlochsmisdiediger [[Herbertus Bikker]] oan 'e kaak te stellen.
 
 
Yn juny 2005 makke Kooistra bekend dat hy in punt sette soe efter syn speurwurk. Dyselde moanne kaam syn boek ''Een laatste saluut - Fryslân in de oorlog'' út, dêryn steane de nammen fan minsken yn Fryslân omkaam yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. It ferfolch op ''Een laatste saluut'' ferskynde yn 2008 mei de titel ''Strijders, onderdrukkers en bevrijders: Fryslân in de oorlog'' (yn 'e mande mei Milja Roosjen en [[Klaas Jansma]]). Yn dat boek binne de nammen opnaam fan alliearden, sneuvele Fryske militêren oan beide kanten en Dútsers, oanfold mei de nammem fan lju dy't mist wurde. Teffens waard in list opnommen fan troch it ferset likwidearre ferrieders en in kar út oarlochsmisdiedigers, hantlangers en meirinners dy't nei de oarloch feroardield waarden.