Ferkearsknooppunt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} thumb|In knooppunt yn klaverblêd-foarm In '''ferkearsknooppunt''' is in krusing fan autodiken en autowegen foar trochgeand motorisearre..."
 
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:AK-Detail.jpg|thumb|In knooppunt yn klaverblêd-foarm]]
In '''ferkearsknooppunt''' is in krusing fan [[autodiken]] en [[autowegen]] foar trochgeand motorisearre ferkear, dy't almeast op ûngelikese hichten útfierd wurdewurdt.
 
Op knooppunten hoecht it ferkear net te stopjen by it ôfslaan, mar kin gewoan troch riden bliuwe. Troch de hege faasje fan reauwen op de diken dêr't knooppunten binne, wurde de bochten mei in wide bôge makke. Op finansjeel mêd wurdt der gauris ek tefoaren kommen en bou oerstallige oergongen. It is dus net altyd like ienfâldich alle ôfslaggen mooglik meitsje en de grutte fan it knooppunt te beheinen.
Rigel 8:
 
Yn [[Fryslân]] binne ek in stikmannich knooppunten. De knooppunten [[Knooppunt De Jouwer|De Jouwer]], [[Knooppunt Surch|Surch]], en [[Knooppunt Werpsterhoeke|Werpsterhoeke]] binne útfierd as heale [[stjerknooppunt]]en en dy fan [[Knooppunt It Hearrenfean|It Hearrenfean]] en [[Knooppunt Drachten|Drachten]] binne útfierd as [[klaverblêd (knooppunt)|klaverblêd]].
 
== Needsaak fan in knooppunt ==
By in ferkearsknooppunt komme der twa of mear diken by-inoar. Faak giet it om autogongwegen, dêr't it ferkear mei in reedlik hege faasje op ta komt. It útgongspunt by krusende diken is om it trochstreamen net te ûnderbrekkenfluch ferrinne te litten. In krusing fan gelikese hichte mei stopljochten is fanwegen it foarmjen fan filen en ûngemakken is gjin goede oplossing foar diken mei in trochstreamfunksje.
 
Dêrom wurdt der by knooppunten foar keazen foar it skieden fan de haadrydbanen troch middel fan in [[fiadukt]]. Foar de rjochtings nei rjochts wurde der ferbiningsbanen oanlein, mei yn- en útrydstripen, mei in bôge fan 90° nei rjochts. De ôfslach nei lofts is in probleem om't de haadbaan yn paad leit. Dêrfoar binne ferskate manieren foar betocht, dy't fierder op dizze side beskreaun wurde.
 
== Parten fan in knooppunt ==
[[Ofbyld:Onderdelen van een verkeersknooppunt.png|thumb|Parten fan in ferkearsknooppunt]]
In ferkearsknooppunt bestiet út ferskate parten.
 
=== Yn- en útrydstripen ===
It ferkear ferlit de haadrydbaan oan de rjochterkant nei in útrydstripe. Dy útrydstripe kin oergean yn in ferbiningsbôge of yn in ranzjearbaan. Almeast hat in knooppunt ien údrydstripe de rjochting en nei it knooppunt ek ien ynrydstripe foar ynridend ferkear. Dy stripen wurde lang genôch boud, sa't it ferkear op de haadrydbaan sa min mooglik ôf hoecht te remjen of op hoecht te lûken.
 
=== Ranzjearbaan ===
[[Ranzjearbaan|Ranzjearbanen]] binne almeast yn [[klaverblêd (knooppunt)|klaverblêd]]en en farianten dêrfan. In ranzjearbaan ferbynt de út- en ynrydstripen mei-inoar en jout tagong ta de ferbiningsbôgen. Troch it oanlizzen fan ranzjearbanen hat it ferkear op de haadrydbaan gjin lêst fan it ôfslaande ferkear dy't faasje minderje moat om oer de ferbiningsbôge te riden. Yn Nederlân hawwe hast alle klaverblêden in ranzjearbaan.
 
=== Weeffek ===
In [[weeffek]] is it part fan de ranzjearbaan dêr't bestjoerders fan stripe wikselje. Ferkear op in klaverblêd dat lofts ôfslacht rydt earst út, rydt dêrnei op de ranzjearbaan en kin op it weeffek útride om dêrnei de ferbiningsbôge op te riden. Nei de ferbiningsbôge rydt de bestjoerder op it folgjende weeffek, dêr't de ranzjearbaan oer de útrydstripe wer tagong jout ta de haadrydbaan.
 
=== Ferbiningsbôge ===
Ferbiningsbôgen meitsje ôfslaan mooglik. Ofslaan nei rjochts kin dien wurde troch in ferbiningsbôge mei in rommere bocht dy't 90° nei rjochts draait. Foar ferkear dy't lofts ôfslaan mat, binne der ferbiningsbôgen mei ferskillende foarmen ûntwikkele.
 
=== Fiadukt en fly-overs ===
De krusende haadrydbanen fan in ferkearsknooppunt wurde almeast troch in [[fiadukt]] faninoar skaat.