Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Funksjonearjen fan de Wikipedy: ik doch noch mar even in nije oprop, want ik wit net oft Drewes syn 'ping' noch wurket no't ik syn tekst ferpleatst haw.
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee Avansearre mobile bewurking
Rigel 712:
{{Ping|Tulp8|Ieneach fan 'e Esk|Kneppelfreed|RomkeHoekstra}}, Meidoggers. Wy hawwe it hjir oer de nestor en de mannen fan de earste oere fan de Wikipedy. As ik by dy lju hearre soe, soe ik witte wolle hoe't myn skepsel it docht, benammen by swierrichheden, drege saken en kwaliteitskwestjes en my dêrmei bemuoie. Mar nee, de hearen litte hast neat mear fan harren hearre en moatte der by de hierren byskuord wurde om in reaksje te krijen. Dêr ha ik gjin nocht mear oan en wol der sels ek gjin lapen tekst mear oan wije. Mar lykas Ieneach ha ik der ek gjin beswier tsjin om de dy sân (NOCH IEN KEAR) te benaderjen en harren te freegjen wat oft se hjir noch wat wolle. Dat sa'n Jelle mei de noardersinne ferdwynd fyn ik typysk foar de saak. (Dit oerlis soe yndie [https://fy.wikipedia.org/wiki/Wikipedy:Oerlisside hjir moatte]). -- Drewes, 14-06-2021 18:42 [ûndertekening fergetten, of hy is weiwurden by it ferpleatsen fan 'e tekst]<br>
{{Ping|Tulp8|Kneppelfreed|RomkeHoekstra}} Ik wit net oft Drewes syn 'ping' oan jimme noch wurket no't ik de diskusje ferpleatst haw, dus ik foegje noch mar even in nije oprop ta. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 14 jun 2021, 20.22 (CEST)
:{{Ping|Drewes|Ieneach fan 'e Esk|Tulp8|RomkeHoekstra}} om my mei der noch ienris besocht wurde om de oare 7 te beneierjen mar neffens myn witten is dat faak genôch dien en sil it earder in tiidferdriuw wêze. Ik fyn it lykwols al nuver dat se neat fan harren hearre litte nettsjinsteande dat se earst sa warber wiene hjir. We hawwe allegearre ek oare dingen yn ús deistich libben dat ik kom ek net altyd oan de wikipedy ta. Ik bin eigener en behearder fan twa saken. Mar ik besykje altyd al even op de side Koartlyn feroare om even te sjen wat der op it aljemint stiet. Fierders is myn miening oer de gong fan saken itselde as dy fan Drewes en Ieneach [[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 14 jun 2021, 21.49 (CEST)