Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L [[]] oars
Rigel 64:
 
== Adaptaasjes ==
De ''Ilias'' is ien fan 'e âldste ferhalen fan 'e Westerske kultuer, mar is nea opholden mei ta de ferbylding te sprekken. Troch de iuwen hinne hat it in ûnbidige ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer, te begjinnen yn 'e [[Aldheid]], doe't in protte trageedzjes fan grutte [[toanielskriuwer]]s as [[Sofoklês]], [[Euripides]] en [[Aeschylus]] fuortbordueren op 'e ferhaalstof fan 'e ''Illias''. Mar ek yn 'e [[Midsiuwen]] en letter wie de ynfloed derfan op 'e literêre tradysjes fan it Westen net te ûnderskatten. Yn 'e moderne tiid is de ''Ilias'' boppedat adaptearre ta withoefolle oare media, lykas (moderne) [[poëzij]], [[essay]]s, [[byldferhaal|byldferhalen]], [[stripferhaal|strips]], [[toanielstik]]ken, [[musikal]]s en [[film]]s. Ut 'e lêste jierren datearret bgl. de [[Hollywood]]-spylfilm ''[[Troy (film út 2004)|Troy]]'' ([[2004]]), mei [[Brad Pitt]] yn 'e rol fan Achilles, al wie dat in tige frije bewurking fan it ferhaal fan 'e ''Ilias''. Op it mêd fan 'e literatuer moat fierders noch neamd wurde de masterlike werfertelling troch fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-skriuwer [[David Gemmell]] yn syn trilogy ''[[Troy: Lord of the Silver Bow]]'', ''[[Troy: Shield of Thunder]]'' en it postúm ferskynde ''[[Troy: Fall of Kings]]''.
 
== Fryske oersetting ==