PEARL Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Rigel 3:
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| namme = <font color=white> ''PEARL Award'' </font color=white>
| histoaryske namme =
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| útrikt foar = ''[[paranormal romance]]''-[[literatuer]]
| útrikt troch = ParaNormal Romance Groups
| frekwinsje = 1x jiers
Rigel 16:
| webside = [http://paranormalromance.org/pearl/ www.paranormalromance.org/pearl/]
}}
De '''''PEARL Awards''''' binne in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste fiksjewurken fan it foargeande jier op it mêd fan it ''[[paranormal romance]]''-subsjenre ("boppenatuerlike romantyk", d.w.s. romantyk binnen de [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[literatuer]], al wurdt [[science fiction]] yn dit gefal ek meinommen). De ôfkoarting stiet foar ''Paranormal Excellence Award for Romantic Literature'' ("Paranormale Treflikheidspriis foar Romantyske Literatuer"), en de prizen waarden fan [[1999]] oant en mei [[2009]] tawiisd troch de leden en útrikt troch it bestjoer fan 'e ''ParaNormal Romance Groups''. Sûnt [[2009]] hat der gjin útrikking mear plakfûn.
 
De gadingmakkers foar de ''PEARL Awards'' moasten foldwaan oan 'e eask dat harren fiksje romantyk omfiemje moast, mei de klam op in sintraal steand leafdesferhaal, dat opboud wie út 'e him ûntjaande, emosjoneel belutsen relaasje fan twa haadpersonaazjes. Fierders moast it ferhaal in ''happy end'' hawwe om foar de prizen yn oanmerking te kommen. De ''PEARL Awards'' waarden takend yn in alvetal kategoryen:
Rigel 26:
* romantyk yn in ferhaal mei [[tiidreizgjen]];
* romantyk yn in ferhaal mei [[fampier]]en;
* romantyk yn in ferhaal mei [[kontemporêne fantasy]] (d.w.s. [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-eleminten yn ús wrâld);
* [[fantasy (sjenre)|fantasy]]romantyk (d.w.s. yn in folslein optochte wrâld);
* [[science fiction]]-romantyk;
* romantyk yn in ''[[urban fantasy]]''-ferhaal (d.w.s. in ferhaal yn in stêd yn 'e gewoane wrâld, dêr't fantasy-eleminten in rol yn spylje).
Under de winners fan 'e ''PEARL Awards'' wiene skriuwers as [[Nora Roberts]], [[Jayne Ann Krentz]], [[Kresley Cole]], [[Linnea Sinclair]] en [[Christine Feehan]], dy't har mei sin op dit sjenre taleine, mar ek guon skriuwers fan mear algemiene fantasy en science fiction, dy't min ofte mear by tafal of fersin foar de prizen yn oanmerking kamen, lykas [[Lois McMaster Bujold]].
 
==Keppelings om utens==