David Gemmell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
L [[]] oars
Rigel 34:
 
===Skriuwkarriêre===
Yn 'e earste helte fan 'e santiger jierren besocht Gemmell foar it earst en skriuw in [[roman]]. Foar it resultaat, ''The Man from Miami'', koed er lykwols gjin [[útjouwer]] fine, en letter joech er ta dat it boek ''"sa beroerd wie dat molke der ferkeard fan waard op fyftich passen ôfstân."'' Yn [[1976]], nei't der by him [[kanker]] fêststeld wie wêrfan't him ferteld wie dat it terminaal wie, skreau Gemmell yn twa wiken tiid de [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[roman]] ''The Siege of Dros Delnoch'', ienfâldichwei om 'e sinnen te fersetten en om foar syn dea dochs noch syn ambysje te reälisearjen en skriuw in boek. De roman fertelt it ferhaal fan in lytse kliber wisberette ferdigeners dy't in fêsting út 'e hannen sjen moatte te hâlden fan in ûnbidige oermacht fan oanfallers. Dat wie in [[metafoar]] foar Gemmell syn kanker: de fêsting wie hysels, en de oanfallers de sykte. Doe't er neitiid te hearren krige dat der in misdiagnoaze steld wie, en dat er yn gjin gefaar wie om dea te gean, lei er it boek oan 'e kant, oant in freon fan sines it yn [[1980]] lies en him oanfitere om it wat by te skaven.
 
Dat die Gemmell, en úteinlik fûn er yn [[1982]] in útjouwer, wêrnei't ''The Siege of Dros Delnoch'' yn [[1984]] útjûn waard ûnder de titel ''Legend''. It boek waard in oansjenlik kommersjeel súkses, en hoewol't er tajoech dat alle flaters deryn sieten dy't men yn in earste boek ferwachtsje mocht, sei Gemmell letter sels dat ''Legend'' him lykwols dochs fan hiel syn oeuvre it leafste wie. Yn [[1985]] kaam syn twadde roman út, ''The King Beyond the Gate'', dat yn deselde wrâld spilet as ''Legend''. Gemmell gie njonken syn skriuwkarriêre noch ferskate jierren troch mei syn sjoernalistike wurk, oant er yn [[1986]] ûntslein waard om't er de nammen fan syn kollega's brûkt hie foar de personaazjes yn syn trêde boek, ''Waylander''. Letter seid er yn in fraachpetear dat syn sjef dat beskôge hie as "''in giftige oanfal op syn yntegriteit"''.
 
Fan dy tiid ôf lei Gemmell him foltiids ta op syn skriuwwurk, wêrby't er in oeuvre opboude dat úteinlik út mear as tritich romans bestie. Foar it meastepart wiene dat [[fantasy (sjenre)|fantasy]]wurken fan it subsjenre fan 'e [[heroyske fantasy]], wêrby't fral de ''Drenai''-kroniken, de rige dêr't syn earste trije boeken ta hearden, in wichtich plak ynnaam. Dy searje liket benammentlik basearre te wêzen op 'e [[Klassike Aldheid]] en bestiet út alve op harsels steande dielen. Dêrnjonken skreau Gemmell de fjouwer boeken omfiemjende ''Rigante''-rige, dy't loskes nei de skiednis en kultuer fan [[Skotlân]] modellearre is. Guon oare wurken fan sines balansearje op 'e grins tusken in fantasyferhaal en in [[histoaryske roman]]. De masterlike ''Troy''-trilogy, wêryn't Gemmell syn ynterpretaasje fan 'e [[Trojaanske Oarloch]] jout, liket mear histoarysk te wêzen, wylst syn saneamde Grykske duology dan wol yn it âlde [[Grikelân]] spilet en [[Aleksander de Grutte]] en dy syn generaal [[Parmenion]] as haadrolspilers hat, mar dêrby mear oerhinget nei it fantastyske as nei it histoaryske. Ien fan Gemmell syn boeken, ''White Knight, Black Swan'', dat er publisearre ûnder dit pseudonym Ross Harding, is in [[skriller]], en mei-iens ek syn iennichste wurk dat gjin [[bestseller]] waard. Fierders binne twa boeken fan Gemmell sines adaptearre ta [[grafyske roman]]s, nammentlik ''Legend'' en ''Wolf in Shadow'', beide kearen skreaun troch [[Stan Nicholls]] en tekene troch [[Fangorn (striptekener)|Fangorn]]. Yn totaal binne der mear as in miljoen eksimplaren fan Gemmell syn wurk oer de toanbank gien.
 
===Priveelibben en ferstjerren===