Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L [[]] oars
Rigel 1:
In '''hobbit''' is in soarte fan [[fiksje|fiktyf]], [[mytysk wêzen]], dat betocht waard troch de ferneamde [[Grut-Brittanje|Britske]] [[fantasy (sjenre)|fantasy]]-[[auteur]] [[J.R.R. Tolkien]]. Hobbits, dy't ek wol [[healmling]]en neamd wurde, spylje in wichtige rol yn Tolkien syn [[berneboek]] ''[[The Hobbit]]'' ([[1937]]) en syn lettere ''[[The Lord of the Rings|Lord of the Rings]]''-[[trilogy]] ([[1954]]-[[1955]]). Fierders wurde se ek sydlings neamd yn oare wurken fan Tolkien, lykas ''[[The Silmarillion]]'' en ''[[Unfinished Tales]]''. Yn 'e moderne [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[literatuer]] en oanbesibbe saken lykas [[fideospultsje]]s en [[role-playing game]]s komme hobbits gauris foar ûnder de oantsjutting [[healmling]]en, om't de erven Tolkien de [[auteursrjocht|rjochten]] op 'e namme 'hobbit' hawwe.
 
Tolkien miende dat er it [[wurd]] 'hobbit' útfûn hie as in spekulative ôflieding fan 'e [[Aldingelsk]]e term ''holbytla'' ("[[hoale]]bouwer"), mar jierren nei syn [[ferstjerren]] kaam oan it ljocht dat it wurd al foàr Tolkien bestie, sij it mei in oare betsjutting. It konsept fan 'de hobbit' wie lykwols wol deeglik in eigen betinksel fan Tolkien, dat er foar in part gearstalde út eleminten út it berneboek ''The Marvellous Land of Snergs'' ([[1927]]), fan [[Edward Wyke Smith]], en de [[roman]] ''Babbitt'' ([[1922]]) fan [[Sinclair Lewis]].