Brêge (skip): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Sprekferbining: sjoch oerlis
L + gps
Rigel 1:
[[File:Wheelhouse_on_Bro_Elizabeth.jpg|right|thumb|250px|De brêge fan 'e ''Bro Elizabeth''.]]
De '''brêge''' is op in [[skip]] it plak dêr't it skip wei bestjoerd wurdt. Behalven it [[stjoerrêd]] fynt men dêr ek ferskate [[skipfeart|nautyske]] [[apparaat|apparaten]] dêr't ferlet fan is foar in feilige feart op [[see]] of op in [[binnenwetter]], lykas it [[echolead]], de [[radar]], de [[skipsradio]], de [[stjoerautomaat]], de [[tillegrafy|tillegraaf]], in [[Global Positioning System|GPS-navigaasjesysteem]] en it [[kompas]]. Ek de [[kaartetafel]] befynt him op 'e brêge.
 
Op gruttere skippen foarmet de brêge it senuwsintrum fan it skip, dêr't de [[koers (rjochting)|koers]] en [[faasje]] bepaald wurdt en ek de krekte [[geografy]]ske posysje fan it skip byholden wurdt. Ek berêst by de [[stjoerman]] fan 'e wacht it befel oer it skip by eventuele [[ramp|kalamiteiten]], itsij om dy foar te kommen, itsij om se te bestriden. Om in goed útsicht nei alle kanten te bieden, is de brêge almeast like breed en soms sels breder as it skip sels. By it oanmarjen stiet de stjoerman op 'e brêgewjuk, de útein fan 'e brêge oan 'e lofter- of rjochterkant fan it skip, dêr't er wei sicht hat op 'e [[kade]] en oanwizings trochjaan kin oan 'e [[roerman]], dy't it stjoerrêd betsjinnet.