Eem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
 
Rigel 8:
Troch boaiemsakjen as gefolch fan ûntwettering is de rivier heger te lizzen kaam as it lân der omhinne. By lege wetterstannen yn de simmer wurdt der wetter út de [[Nederryn]] troch it Falleikanaal yn de Eem pompt. De Eem is de wichtichste boarne fan de biologyske belesting fan de Eemmar, dat hjirtroch efterbliuwt mei it werstel yn fergelyk mei de oare [[rânemar]]ren. Der is in grutte ôfname fan de absolute hoemannichte fosfaat en nitraat, mar relatyf besjoen wurdt dit teneate dien troch de ôfnomde hoemannichte wetter yn 2003.
 
De Eem krige syn namme troch it [[EemynEemien]], de waarmere perioade tusken de [[Glasiaal (tiidrek)|glasialen]] [[Saalien]] en it [[Weichselien]], wêryn de rivier it teiwetter ôffierde.
 
De Eem wurdt wol de langste rivier fan Nederlân neamd. Langere Nederlânske rivieren hawwe nammentlik of in [[streamgebiet]] dat foar in part bûten de lânsgrinzen leit of in mûning yn in oare rivier. De Eem begjint en einiget yn Nederlân.