Ferkearsknooppunt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 13:
By in ferkearsknooppunt komme der twa of mear diken byinoar. Faak giet it om autogongwegen, dêr't it ferkear mei in reedlik hege faasje op ta komt. It útgongspunt by krusende diken is om it trochstreamen net te ûnderbrekken en fluch ferrinne te litten. In krusing fan gelikense hichte mei stopljochten is fanwegen it foarmjen fan files en ûngemakken gjin goede oplossing foar diken mei in trochstreamfunksje.
 
Dêrom wurdt der by knooppunten foar keazen foar it skieden fan de [[rydbaan|haadrydbanen]] troch middel fan in [[fiadukt]]. Foar de rjochtingen nei rjochts wurde der ferbiningsbanen oanlein, mei yn- en útrydstripen, mei in bôge fan 90° nei rjochts. De ôfslach nei lofts is in probleem om't de haadbaan yn paad leit. Dêrfoar binne ferskate manieren foar betocht, dy't fierder op dizze side beskreaun wurde.
 
== Parten fan in knooppunt ==