Knooppunt Werpsterhoeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wynroas
[[]]
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Knooppunt Werpsterhoek kaart.png|300px|thumb|It knooppunt Werpsterhoeke]]
It '''knooppunt Werpsterhoeke''' is in [[ferkearsknooppunt]] justjes besuden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dy't de [[Rykswei 31|N31]] ([[Surch]]-[[Harns (stêd)|Harns]]-Ljouwert-[[Drachten]]) en [[Rykswei 32|N32]] ([[Meppel]]-[[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]-Ljouwert) ferbynt. It knooppunt is in heal [[stjerknooppunt]] en is part fan it súdlike part fan de [[Heak om Ljouwert]].
 
Yn maart 2010 waard it traseebeslút tekene, en letter yn dat jier hat de [[Rie fan Steat]] de beroppen tsjin it oanlizzen ôfwiisd. De rykswei waard oanlein troch [[Rykswettersteat]] (súdlike part mei it knooppunt ynbegrepen) en de provinsje Fryslân it noardlike part. De tariedings foar it projekt dy't folslein op ûngelikese hichte boud waard, fûn plak yn 2011. Tusken ein 2011 en 2014 waard it knooppunt oanlein. Op 18 desimber 2014 waard de Heak om Ljouwert en it knooppunt offisjeel iepene.