Star Trek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 347:
{{Apart|Star Trek: Beyond}}
Yn ''[[Star Trek: Beyond]]'' is de USS ''Enterprise'' trije jier hinne yn syn fiifjierrige ferkenningsreis fan it [[hielal]]. As it skip it reuseftige [[romtestasjon]] ''Yorktown'' oandocht, wurdt it op in rêdingsmisje stjoerd wannear't út in relatyf deunbye [[romtedize]] in [[flechtling]] ([[Lydia Wilson]]) ferskynd dy't seit dat har skip in needlâning meitsje moatten hat op Altamid, in planeet yn 'e dize. De ''Enterprise'' giet op ûndersyk út, mar rint yn in mûklaach fan 'e [[seerôverij|piraat]] Krall ([[Idris Elba]]) en syn folgelingen, dy't it skip ferwoastgje. De oerlibbenen fan 'e bemanning komme fêst te sitten op Altamid, dêr't se inoar weromfine moatte en in manear betinke moatte om fan 'e planeet ôf te kommen foar't Krall syn plan yn 'e praktyk bringe kin om 'e bemanning fan 'e ''Yorktown'' út te moardzjen en dêrnei it romtestasjon te brûken as basis foar in oanfal op 'e Feriene Federaasje fan Planeten.
[[File:AveryBrooksAtConvention_crop.jpg|right|thumb|180px|[[Avery Brooks]] spile de [[rol]] fan [[kaptein-op-see|kaptein]] Benjamin Sisko yn ''[[Star Trek: Deep Space Nine]]''.]]
 
''Star Trek: Beyond'' waard regissearre troch [[Justin Lin]] nei in senario fan [[Simon Pegg]] en [[Doug Jung]]. Dizze film wie de lêste út 'e ''Star Trek''-franchise dêr't [[Anton Yelchin]] (as Pavel Chekov) yn spile foar syn ûntidich ferstjerren yn [[juny]] [[2016]]. ''Star Trek: Beyond'' gie op [[22 july]] [[2016]] yn premiêre, en brocht $343,5 miljoen op tsjin in budget fan $185 miljoen. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en waard nominearre foar in [[Oscar]] foar bêste [[fisazjy]] en [[hier (begroeiïng)|hierstilearring]].
[[File:AveryBrooksAtConvention_crop.jpg|right|thumb|180px|[[Avery Brooks]] spile de [[rol]] fan [[kaptein-op-see|kaptein]] Benjamin Sisko yn ''[[Star Trek: Deep Space Nine]]''.]]
 
====Fierdere films====