Star Trek: Beyond: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 158:
''Star Trek: Beyond'' waard [[regissearre]] troch [[Justin Lin]] nei in [[senario]] fan [[Simon Pegg]] en [[Doug Jung]]. Lin hie earder fjouwer dielen út 'e [[The Fast and the Furious (filmsearje)|''Fast and Furious''-filmsearje]] makke. [[J.J. Abrams]], dy't de foargeande beide dielen fan 'e [[Star Trek#Reboot-filmsearje (Kelvin-tiidline)|''Star Trek''-reboot-filmsearje]] (''[[Star Trek (film)|Star Trek]]'' út [[2009]] en ''[[Star Trek: Into Darkness]]'' út [[2013]]) regissearre hie, kearde net werom as regisseur om't er him konsintrearje woe op 'e rezjy fan ''[[Star Wars: The Force Awakens]]''. As [[filmprodusint|produsinten]] wiene Abrams, Lin, [[Roberto Orci]] en [[Lindsey Weber]] by ''Star Trek: Beyond'' belutsen, foar de [[filmstudio's]] [[Skydance Media]], [[Bad Robot Productions]], [[Sneaky Shark Productions]] en [[Perfect Storm Entertainment]]. Foar de film wie in [[budget]] beskikber fan [[$]]185 miljoen.
 
De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Stephen F. Windon]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Michael Giacchino]]. De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Star Trek: Beyond'' setten op [[25 juny]] [[2015]] útein yn it [[Kanada|Kanadeeske]] [[Vancouver]]. Der waard ek filme yn [[Squamish (Britsk-Kolumbia)|Squamish]], in [[foarstêd]] fan Vancouver, en fierders yn [[Seoel]], yn [[Súd-Koreä]], en yn [[Dûbai (emiraat)|Dûbai]], yn 'e [[Feriene Arabyske Emiraten]]. De lêste opnamedei foel op [[15 oktober]] [[2015]], hoewol't der yn [[maart]] [[2016]] noch inkele [[reshoot]]s dien waarden.
 
===Distribúsje===