Ferskil tusken ferzjes fan "Star Trek"

20 bytes grutter ,  5 moannen lyn
 
====Fierdere films====
Sawol [[Chris Pine]] (James T. Kirk) as [[Zachary Quinto]] (Spock) hawwe [[kontrakt]]en tekene wêryn't se har fêstlein hawwe om yn dyselde rollen werom te kearen as der in fjirde film yn 'e reboot-filmsearje makke wurdt. Yn [[july]] [[2016]] befêstige [[J.J. Abrams]] dat der plannen foar sa'n fjirde film wiene, en dat [[Chris Hemsworth]] dêryn de rol fan Kirk syn [[heit]] George wer op him nimme soe (dy't er ek fertolke hie yn 'e [[prolooch (foarspul)|prolooch]] fan 'e film ''[[Star Trek (film)|Star Trek]]''). Dyselde moanne waard ek bekendmakke dat de rol fan Pavel Chekov net wercast wurde soe nei it [[dea]]dlik [[ûngelok (aksidint)|ûngelok]] fan akteur [[Anton Yelchin]].
 
Yn [[desimber ]] [[2017]] kaam yn 'e [[media]] dat de ferneamde [[regisseur]] [[Quentin Tarantino]] in idee foar in nije ''Star Trek''-film oppenearre hie oan Abrams en [[filmstudio]] [[Paramount Pictures]], dy't allebeide [[entûsjast]] reägearre hiene. Yn [[april]] [[2018]] waard oankundige dat der doe twa nije ''Star Trek''-films yn [[preproduksje]] wiene by Paramount: de troch Abrams yn [[2016]] oankundige fjirde film, dy't regissearre wurde soe troch [[S.J. Clarkson]], en de film op basis fan it idee fan Tarantino, dy't Tarantino sels regissearje soe as er dêr tiid foar fine koe.
14.302

bewurkings