Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

→‎Essays: Sa is it, st. 2015 by ús wol
(→‎Essays: Sa is it, st. 2015 by ús wol)
 
== Essays ==
Dêrneist is De Vries ien fan de belangrykste essayskriuwers fan Fryslân. In stikmannich wichtige essays oer de Fryske poëzy hawwe har wei fûn as ynliedingen fan antologyen en sammelbondels. De essaybondels oer de Fryske literatuer, ''Identiteit & kowesturten'' út 2008, ''Erfskip & krisis'' út 2015 en ''Winternocht & moannereis'', binne in idiosynkratyske mjuks fan empiryske literatuerskiednis, filosofyske kultuerkrityk en persoanlike refleksje op de eigen woartels. De fariearre aspekten wurde byinoar holden troch in sterk engaazjemint. De lêste bondel, ''Winternocht & moannereis'', is dêrby rjochte op dekanonisearring fan de njoggentjinde-ieuskeiuwske Fryske literatuer. De bondel is net op papier útbrocht mar hielendal te lêzen op it online literêr tydskrift ''Fers2''.
 
== Fotografy ==