Masturbaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynlieding red + oanfolling
+ oansjen
Rigel 3:
[[File:Klimt Mulher sentada.jpg|thumb|right|180px|[[Gustav Klimt]]: ''Sittende frou'' ([[1916]]).]]
'''Masturbaasje''' (fan it [[Latyn]]ske ''masturbari'', fan ûndúdlike [[etymology]]) is it stimulearjen fan 'e [[geslachtsdiel]]en en/of de [[anus]] troch it brûken fan in [[hân]] of hannen, in [[finger]] of fingers, [[seksboartersguod]], aldendeiske foarwerpen, of in kombinaasje dêrfan. It doel is om [[seksueel geniet]] op te wekjen, faak (mar net altyd) oant der in [[orgasme]] folget. Masturbaasje wurdt faak lykslein mei [[#Selsbefrediging|selsbefrediging]], it masturbearjen fan jinssels, mar men kin ek [[#Mienskiplike masturbaasje|in oar masturbearje]]. Masturbaasje wurdt oan dien troch beide [[geslacht (sekse)|geslachten]] en lju fan alle [[leeftiden]]. Der binne fan masturbaasje gjin [[sûnens|sûnensrisiko's]] bekend. As it oan in orgasme ta folholden wurdt, folget der in natuerlike ûntspanning fan it [[minsklik lichem]], dy't in skoftke ta in gefoel fan [[slûgens]] liede kin.
 
==Oansjen==
Foarhinne waarden rûnom [[leagen]]s ferspraat oer de skealike gefolgen fan masturbaasje, om't it benammen fanút in [[religieuze]] eftergrûn beskôge waard as wat ferkeards en [[noarmen en wearden|ymmoreels]]: in [[sûnde]] dy't útrûge wurde moast út goederbêst foar de minsken sels. It [[maatskiplik]] [[taboe]] op masturbaasje belune lykwols geandewei de [[tweintichste iuw]], en tsjintwurdich wurdt it, alteast yn 'e [[Westerske wrâld]], oer it algemien sjoen as wat normaals en in wichtich part fan in [[minsklike seksuele aktiviteit|sûn sekslibben]]. It wurdt ek beskôge as befoarderlik foar it lichaamlik en [[psychology]]sk wolwêzen. Neffens de ''[[Merck Manuel of Diagnosis and Therapy]]'', in gesachhawwend standertwurk, wurdt (sels)masturbaasje tsjintwurdich inkeld noch beskôge as abnormaal yn trije gefallen:
*as it masturbearjen fan jinsels sa oerhearskjend wurdt dat it it hawwen fan in [[romantyk (leafde)|romantyske]] [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] mei in oare persoan behinderet;
*as men in ûnbedimbere oanstriid fielt om [[ekshibisjonisme|jinsels yn it iepenbier]] te masturbearjen;
*as masturbaasje by jinsels sa twangmjittich is dat it [[ferwûning]]s oan 'e geslachtsdielen opsmyt troch klearebare slitaazje.