Masturbaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ oansjen
+ yn it algemien
Rigel 9:
*as men in ûnbedimbere oanstriid fielt om [[ekshibisjonisme|jinsels yn it iepenbier]] te masturbearjen;
*as masturbaasje by jinsels sa twangmjittich is dat it [[ferwûning]]s oan 'e geslachtsdielen opsmyt troch klearebare slitaazje.
 
==Selsbefrediging==
===Selsbefrediging yn it algemien===
Foar masturbaasje yn 'e sin fan selsbefrediging brûkt men [[seksuele fantasij]] om [[lust]] op te wekjen. Dat kin al of net begelaat wurde troch it besjen fan in [[erotyk|eroatyske]] [[film]] of [[pornofilm]], it lêzen fan in [[neakenblêd]] of [[pornoblêd]] of it brûken fan in oare eksterne boarne foar [[seksuele opwining]]. Selsbefrediging wurdt oan dien troch minsken fan beide [[geslacht (sekse)|geslachten]] en fan alle [[leeftiden]]. Neffens in ûndersyk fan 'e [[Rutgersstichting]] út [[2017]] masturbearret fan 'e [[Nederlân]]ske [[befolking]] 40% fan 'e [[manlju]] en 14% fan 'e [[froulju]] teminsten ien kear yn 'e [[wike]]. By itselde ûndersyk joech 16% fan 'e manlju en 33% fan 'e froulju oan nea te masturbearjen.<ref>[https://www.rutgers.nl/sites/rutgersnl/files/PDF-Onderzoek/Rapport_SGIN%202017.pdf ——, ''Seksuele Gezondheid in Nederland 2017'', De Haach (Rutgersstichting), 2017.]</ref> Manlju masturbearje oer it algemien mear as froulju. Net allinne [[folwoeksene]]n masturbearje trouwens; prepuberale [[bern (persoan)|bern]] stimulearje harrensels ek as se útfine dat soks in oangenaam gefoel jout. Pas as se yn 'e [[puberteit]] komme, wurdt it foar harren lykwols mooglik om op dy wize in [[orgasme]] te berikken.
[[File:1925_Wegener_Les_Delassements_dEros_01_anagoria.JPG|left|thumb|200px|Froulike masturbaasje op in [[tekening]] fan [[Gerda Wegener]] út [[1925]].]]