Stilicho's Piktyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Stilicho’s Piktyske Oarloch omneamd ta Stilicho's Piktyske Oarloch: rjochte apostrof yn 'e namme, oars wiist hjir neat hinne troch
Rigel 22:
 
== Ferrin fan 'e oarloch ==
Der wurdt oannommen dat Britannia in relatyf stille perioade meimakke hat nei de [[Teodoasius de Grutte|kampanje fan Theodosius yn 368]]. Dy frede einige doe't de Pikten op 'e nij de noardgrins fan Britannia oanfoelen, en it noarden fan 'e provinsje ûnfeilich ûnfeilich makken mei [[plonderjen|plondertochten]]. Tagelyk hiene de eastlike en súdlike kustgebieten te lijen ûnder ynfallen troch Saksyske ynkringers en waarden troch Gaëlen yn it easten ynfallen dien. De ekspedysjemacht útrist troch Stilicho om in ein te meitsjen oan dizze oanfallen bestie nei alle gedachten út 'e [[Galje|Gallyske]] [[feteranen]] dy't earder suksesfol west hienen tsjin 'e Afrikaanske reboelje fan [[Gildon]]. <ref>{{Aut|Edward Gibbon}}, ''The Decline and Fall of the Roman Empire'', (The Modern Library, 1932), haadstik XXIX., p 1.041</ref> It is net wis oft Stilicho sels dizze ekspedysjemacht late of der inkeld opdracht ta jûn hat. Dochs binne der redenen om te rjochtfeardigjen dat it earste it gefal wie. De útkomst fan 'e oarloch wie dúdlik: nei in searje [[skermutseling]]en waarden de Pikten ferslein. Itselde lot moete de Saksen en Gaëlen. Yn [[400]] liket Stilicho [[Muorre fan Hadrianus|reparaasjes oan 'e muorre fan Hadrianus]] dien te hawwen mei jild dat ûnder de Afrikaanske kampanje gearbrocht wie. [[Archeology|Argeologysk]] bewiis om oan te toanen dat Stilicho's Piktyske Oarloch plakfûn hat, ûntbrekt lykwols.<ref>{{Aut|M. Miller}}, ''"Stilicho’s Pictish War.”'' Brittania. Vol. 6, (1975), side 141–144</ref>
 
== Neilittenskip ==