Slach om Mogadisjû (1993): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ slach
+ slach
Rigel 73:
Dêrtroch bleaune Gordon en Shughart tydlik sûnder loftstipe efter wylst se troch de Somaaljers swier ûnder fjoer nommen waarden. Gordon waard deasketten, wêrnei't Shughart it wapen fan syn maat oan Durant joech. Tegearre holden se de fijân noch likernôch tsien minuten op ôfstân ear't Shughart deade waard. Somalyske striders en boargers streamden doe op it wrak fan 'e ''Super 64'' ta, dêr't se alle ferwûnen deasloegen útsein Durant. Hy dielde op in hier nei it lot fan syn maten, mar waard rêden doe't ofsieren fan 'e SNA persoanlik delkamen om him [[kriichsfinzen]] te nimmen en de breinroere kliber dêrfoar mei hurde hân tebekdreaune. Foar harren [[moed]] en [[selsopoffering]] waard oan Gordon en Shughart neitiid [[postúm]] de [[Medal of Honor]] takend, de heechste Amerikaanske [[militêr]]e [[ûnderskieding]]. It wie de earste kear sûnt de [[Fjetnamoarloch]] dat dy ûnderskieding útrikt waard.
[[File:Mogadishu_technical.jpg|left|thumb|250px|Striders foar ien fan 'e faksjes yn 'e [[Somalyske Boargeroarloch]] yn in ymprovisearre gejochtsfiertúch yn [[Mogadisjû]].]]
 
===Oanhâldende gefjochten===
It wie de bedoeling dat it grûnkonfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel McKnight him nei it ynladen fan 'e finzenen fan it Olympic Hotel nei it plak bejaan soe dêr't de ''Super 61'' delkommen wie. Dêr soene dan de ferwûnen en de kommando's en rangers oppikt wurde foar't it konfoai weromkeare soe nei de basis. Trochdat tsjin dy tiid oeral yn dat diel fan Mogadisjû strjitten ôfsletten wiene mei opwurpen barrikades, slagge it McKnight-en-dy lykwols net om it plak fan 'e ''Super 61'' te berikken. Ynstee trochkrúste syn konfoai ûnder in oanhâldende rein fan kûgels de hiele wyk wylst [[kolonel]]s [[William Boykin]] en [[Gary L. Harrell]], dy't heech boppe de stêd út in helikopter wei tafersjoch oer de operaasje holden, him by de barrikades lâns besochten te lieden. Troch de oanhâldende bleatstelling oan fijannich fjoer befette it konfoai op in stuit mear ferwûnen as ûnskansearre soldaten, en wie McKnight twongen om it op te jaan en werom te kearen nei de basis. Underwilens wie sersjant Struecker der mei syn trije hastich opkallefatere Humvees wer op útstjoerd om it wrak fan 'e ''Super 64'' fan Durant feilich te stellen, mar hy koe likemin troch de barrikades hinne komme en moast sûnder wat bedijd te hawwen nei de basis weromkeare. (Der kaam nei ôfrin fan 'e slach in protte [[krityk]] op it beslút fan 'e Amerikaanske legerlieding om gjin [[tank]]s mei te stjoeren nei Somaalje, dy't dwers troch de barrikades hinne ride kinnen hiene.)
 
De groep fan kaptein Steele wie ûnderweis fan it hotel nei it plak dêr't de ''Super 61'' delstoarten wie, op safolle wjerstân staat, dat er twongen wie him mei likernôch 40 foar it meastepart ferwûne rangers te ferskânzjen yn in gebou dat likernôch healwei it hotel en delstoarten helikopter stie. In lyts groepke Delta Force-kommando's mei inkele net-ferwûne rangers stjoerde er ûnder sersjant Jeff Sanderson troch om 'e rangers en kommando's by de ''Super 61'' te fersterkjen. Troch de oanboazjende wjerstân fan 'e Somaaljers sieten de troepen fan luitenant DiTomasso en sersjant Eversmann en it CSAR-team dêre folslein fêst. Foar en nei it fallen fan it [[tsjuster]] besochten de Somaaljers ferskate kearen de Amerikaanske posysjes by it earste helikopterwrak ûnder de foet te rinnen. Salang't it noch [[ljocht]] wie, waard dat tsjinkeard troch agressive ferdigening op 'e grûn en stipe fan Little Birds en Black Hawks út 'e loft. Nei it fallen fan it tsjuster markearren de Amerikaanske grûntroepen de posysjes fan 'e fijân mei [[ynfraread]]e [[knipperljocht]]en en fertrouden se op 'e Little Birds, de iennichste helikopters dy't tarist wiene om by [[nacht]] te fleanen, om mei de fijân ôf te weven.
[[File:UNOSOM_Somalia_tanks.jpg|right|thumb|250px|[[Maleizje|Maleizyske]] [[Condor (APC)|Condor]]-[[pânserfiertúch|pânserfiertugen]] fan [[UNOSOM II]].]]