Slach om Mogadisjû (1993): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
+ slach
Rigel 79:
De groep fan kaptein Steele wie ûnderweis fan it hotel nei it plak dêr't de ''Super 61'' delstoarten wie, op safolle wjerstân staat, dat er twongen wie him mei likernôch 40 foar it meastepart ferwûne rangers te ferskânzjen yn in gebou dat likernôch healwei it hotel en delstoarten helikopter stie. In lyts groepke Delta Force-kommando's mei inkele net-ferwûne rangers stjoerde er ûnder sersjant Jeff Sanderson troch om 'e rangers en kommando's by de ''Super 61'' te fersterkjen. Troch de oanboazjende wjerstân fan 'e Somaaljers sieten de troepen fan luitenant DiTomasso en sersjant Eversmann en it CSAR-team dêre folslein fêst. Foar en nei it fallen fan it [[tsjuster]] besochten de Somaaljers ferskate kearen de Amerikaanske posysjes by it earste helikopterwrak ûnder de foet te rinnen. Salang't it noch [[ljocht]] wie, waard dat tsjinkeard troch agressive ferdigening op 'e grûn en stipe fan Little Birds en Black Hawks út 'e loft. Nei it fallen fan it tsjuster markearren de Amerikaanske grûntroepen de posysjes fan 'e fijân mei [[ynfraread]]e [[knipperljocht]]en en fertrouden se op 'e Little Birds, de iennichste helikopters dy't tarist wiene om by [[nacht]] te fleanen, om mei de fijân ôf te weven.
[[File:UNOSOM_Somalia_tanks.jpg|right|thumb|250px|[[Maleizje|Maleizyske]] [[Condor (APC)|Condor]]-[[pânserfiertúch|pânserfiertugen]] fan [[UNOSOM II]].]]
 
===It ûntsettingskonfoai arrivearret===
Underwilens waard op 'e FN-basis, dy't fêstige wie yn it [[Stadion fan Mogadisjû]], koartseftich wurke om in [[ûntset]]tingsmacht te organisearjen. Dêrby moast by neat wei begûn wurde, om't de Amerikanen foarôfgeande oan 'e operaasje gjin inkeld needplan opsteld hiene en allyksa fersomme hiene om op lykfol hokker wize wat te koördinearjen mei de troepen fan 'e fredesmacht. No waard halje-trawalje in ûntsettingskonfoai gearstald, dat bestie út eleminten fan it [[Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint|14e Ynfanteryrezjimint]] en de [[Amerikaanske 10e Berchdifyzje|10e Berchdifyzje]] fan it [[Amerikaanske Leger]], it [[Keninklik Maleisk Rezjimint]] fan it [[Maleizyske Leger]] en it [[Pakistaanske 19e Lansiersrezjimint|19e Lansiersrezjimint]], it [[Pakistaanske Rezjimint fan Grinsstriidkrêften|Rezjimint fan Grinsstriidkrêften]] en it [[Balûtsjyske Rezjimint]] fan it [[Pakistaanske Leger]]. Al mei al gie it om sa'n 3.000 man yn mear 100 [[fiertugen]], wêrûnder ferskate Maleizyske [[Condor (pânserfiertúch)|Condor]]-[[pânserfiertúch|pânserfiertugen]], fjouwer Pakistaanske [[M48 Patton]]-[[tank]]s en in grut tal Amerikaanske Humvees en M939-frachtweinen. Troch skea en skande wiis wurden, naam generaal Garrison no gjin heale maatregels mear en bewissige er him derfan dat it ûntsettingskonfoai genôch fjoerkrêft hie om eltse sitewaasje de baas te wurden, ek al rûn de rêdingsoperaasje dêrtroch oansjenlike fertraging op.
 
It ûntsettingskonfoai, dat 2<sup><small>1</small></sup>/<sub><small>2</small></sub>&nbsp;km lang wie, klearre himsels mei de help fan 'e tanks in paad troch Mogadisjû, wêrby't it oanhâldend besketten waard. Dêrby kamen ferskate Amerikanen, ien Maleizjer en ien Pakistaan om. It konfoai arrivearre tsjin 02.00&nbsp;oere nachts op it plak dêr't kaptein Steele en syn ferwûne mannen harren ferskânze hiene en laden harren yn. Goed fiif minuten letter arrivearre de foarhoede by it plak dêr't de earste Black Hawk delsketten wie. Dêr waarden de rangers en kommando's fan DiTomasso, Eversmann en Sanderson mei harren ferwûnen ûntset en ynladen en teffens it CSAR-team mei de ferwûnen en deaden út 'e helikopter. Der bliek foar in groep rangers en kommando's, en ek foar guon soldaten fan 'e 10e Berchdifyzje dy't it eigen plak ôfstien hiene oan ferwûnen, gjin romte yn 'e Amerikaanske fiertugen fan it konfoai te wêzen. Dat betsjutte dat se [[draven]]d it konfoai sjen moasten by te hâlden. Dat foarfal kaam bekend te stean as de '[[Myl fan Mogadisjû]]' (''Mogadishu Mile''). Oars as faak tocht wurdt, hoegden se net it hiele ein nei de FN-basis te draven, mar inkeld in stik nei in rendez-vouspunt mei Pakistaanske ienheden dy't noch wol romte foar harren oer hiene. Om likernôch 06.30&nbsp;oere op 'e [[moarn (deidiel)|moarn]] fan [[moandei]] [[4&nbsp;oktober]] kaam it ûntsettingskonfoai werom op 'e FN-basis yn it stadion, en wie de Slach om Mogadisjû foarby.
[[File:Black_Hawk_Down_Rangers_return_to_base_after_mission.jpg|left|thumb|250px|Rangers fan it [[Amerikaanske Leger]] keare yn [[1993]] werom op 'e [[Feriene Naasjes|FN-basis]] nei in misje.]]