Slach om Mogadisjû (1993): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 93:
 
==Neisleep==
Nei ôfrin fan 'e slach waarden de [[stoflike omskotten]] fan in stikmannich Amerikaanske militêren troch Somalyske boargers en SNA-striders troch de [[strjitte]]n fan Mogadisjû sleept. Dêrby gie it om 'e liken fan 'e bemanning fan 'e ''Super 64'' en harren ferdigeners, de kommando's Gordon en Shughart. Troch [[ûnderhanneling]]s en mei [[yntimidaasje]] fan 'e stamâldsten fan 'e [[Habar Gidir]] wist in Amerikaanske spesjale [[diplomaat|gesant]] foar Somaalje de lichems úteinlik werom te krijen. Tsjin dy tiid wiene se der tige min oan ta en wie by ien sels de [[holle]] loskommen fan it [[minsklik lichem|romp]]. De Amerikaanske piloat Mike Durant, dy't troch de SNA [[kriichsfinzen]] nommen wie, waard nei 11 [[dagen]] frijlitten.
 
Nei it fiasko yn Mogadisjû kaam de [[Amerikaanske presidint]] [[Bill Clinton]] ûnder swiere druk te stean om fuortendaliks de hannen fan Somaalje ôf te lûken en alle Amerikaanske troepen út it lân werom te heljen. Op [[6 oktober]], twa dagen nei de slach, joech er de Amerikaanske Striidkrêften befel om alle operaasjes tsjin Aidiid en de SNA stil te lizzen, útsein dy dy't rjochte wiene op selsferdigening. Hy wegere lykwols in direkte ôftocht te beoarderjen. Ynstee kundige er oan dat alle Amerikaanske troepen op [[31 maart]] [[1994]], in goed healjier letter, út Somaalje wei wêze soene. Dat bea tiid om alle taken dy't de Feriene Steaten yn UNOSOM II hie, op oarderlike wize oer te dragen oan blauhelmen út oare lannen.
Rigel 100:
[[File:Black_Hawk_Super_61_by_Phil_Konstantin.jpg|left|thumb|250px|De haadrotor fan 'e ''Super 61'', dy't delsketten waard yn 'e Slach om Mogadisjû.]]
 
De Amerikaanske nasjonale psyche hie troch de Slach om Mogadisjû in rare knau krigen, en de Amerikaanske wil om fredesmachten te lieden of dêroan diel te nimmen wie foargoed bekuolle. Yn 'e folgjende jierren waard it Amerikaanske bûtenlânsk belied yn hege mjitte foarme troch de eangst om op 'e nij yn in selde sitewaasje te bedarjen. Saakkundigen neame dat as de wichtichste reden foar it falen fan 'e Feriene Steaten om (op 'e tiid) yn te gripen yn lettere konflikten, lykas de [[Rwandeeske Genoside]] en de [[Bosnyske Oarloch]].
 
==Publikaasjes==