Black Hawk Down (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 50:
Underwilens wurdt in Black Hawk, de ''Super Six-One'' fan [[piloat]] Cliff "Elvis" Wolcott, delsketten mei in [[RPG-7]]-loftdoelraket. Wolcott en syn ko-piloat Donovan "Bull" Briley komme om, en twa oare [[bemanning]]sleden reitsje slim [[ferwûne]]. In [[slûpskutter]] fan 'e Delta Force, Daniel Busch, dy't ek oan board wie, ferdigenet it helikopterwrak tsjin 'e opkringende Somaaljers, mar wurdt fjouwer kear rekke troch kûgels. Wylst Eversmann en syn ôfdieling rangers as earsten it plak fan 'e delsketten Black Hawk berikke en de ferdigening oernimme, wurdt Busch ôffierd yn in Little Bird, mar hy ferstjert letter oan 'e oprûne ferwûnings.
 
By it hotel nimt luitenant-kolonel McKnight de lieding oer it ynladen fan 'e finzenen oer. Kaptein Steele set mei de rest fan syn rangers en de kommando's ôf nei it plak fan it helikopterwrak. It is de bedoeling dat McKnight him mei syn konfoai ek nei dat plak bejaan sil, mar de Somaaljers hawwe oeral yn 'e stêd barrikades opsmiten, dêr't McKnight, dy't net oer [[tank (wapen)|tank]]s beskikt, net trochhinne komme kin. Hy wurdt troch oare [[ofsier]]en dy't heech boppe de stêd yn in helikopter omfleane, hinne en wer troch deselde [[wyk]] laat, mar stjit almar wer op barrikades. Underwilens stiet syn konfoai oan ien wei troch bleat oan gewearfjoer út 'e omlizzende gebouwen, mei as gefolch dat er op 't lêst mear ferwûnen as sûne soldaten hat en twongen is om werom te kearen nei de basis.
 
Op it plak fan 'e delsoarte Black Hawk is ûnderwilens in gefjochtsrêdingsteam (''combat search and rescue'', CSAR) arrivearre, dat lykwols net by steat is om 'e ferwûne mannen út 'e helikopter te heljen en it wrak dêrom ynstee barrikadearret. In twadde ôfdieling rangers ûnder luitenant DiTomasso komt oan om 'e mannen fan Eversmann te fersterkjen. De haadmacht fan kaptein Steele is healwei it hotel en it wrak fêstkommen te sitten troch swiere Somalyske wjerstân en slimme ferliezen, mar stjoert in tal kommando's en rangers ûnder lieding fan sersjant Jeff Sanderson op eigen manneboet fierder om 'e troepen fan Eversmann en DiTomasso te oan te foljen. Underwilens wurdt inkele [[stedsblok]]ken fierderop in twadde Black Hawk-helikopter, de ''Super Six-Four'' fan piloat [[Mike Durant]], delsketten. Durant is de iennichste fan 'e bemanning dy't dêrby net dea of swierferwûne rekket, mar hy hat in [[skonk]] [[brutsen bonke|brutsen]].