Cees den Heyer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L fl
 
Rigel 23:
 
== Wurkpaad ==
De Heyer wie fan 1 jannewaris 2002 [[heechlearaar]] [[Nije Testamint]] en [[Bibel (kristendom)|Bibelske]] [[Teology]] oan de [[Teologyske Universiteit Kampen (Oudestraat)|Teologyske Universiteit Kampen]]. Dêrnei wie er oant 2007 dosint Bibelske Teology oan it [[Minnisten|Doperske]] [[Seminaarje]] yn Amsterdam. Hy publisearre boeken oer [[Jezus (tradysjoneeltradisjoneel-kristlik)|Jezus Kristus]] en [[Paulus (apostel)|Paulus]] en in teologysk selsportret ûnder de titel ''Ruim geloven'' (2000).
 
Den Heyer kaam benammen yn it nijs troch de publikaasje fan syn boek oer de [[fermoedsoeningslear]], sa't dy yn de klassike [[kristology]] as [[dogma]] fêstlein is. Nei yngeand ûndersyk kaam er ta de konklúzje dat de fermoedsoeningslear sa't dy yn de dogmatyk fan de ([[otterdoksy|otterdokske]]-)protestantske tsjerken útienset wurdt, net strike soe mei de teksten yn de [[Evangeelje|evangeeljes]] út it Nije Testamint. Benammentlik it dogma fan de fersoenende betsjutting fan it lijen en stjerren fan Jezus Kristus soe net werom te finen wêze yn de Bibelske geskriften. De fûle diskusjes dy't dêroer yn de tsjerken ûntstiene, diene Den Heyer lang om let besluten de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|Grifformearde Tsjerke]] te ferlitten.