Kano fan Pesse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
doetiid fan opmerke = murk....op
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
 
== Skiednis ==
De boat kaam oan it ljocht yn 1955 by de oanlis fan autowei [[Rykswei 28|A28]]. It trasee rint krekt besuden it doarp [[Pesse]] yn de gemeente Hoogeveen troch in earder feangebiet, it ''Blikkenveen''. Foar de oanlis fan it dykbêd moast it fean fuorthelle wurde en doe seach in kraanmasinist in beamstam sa'n twa meter ûnder it maaifjild. Boer Hendrik Wanders murk de 'beamstam' op en naam him mei foar fierdere ynspeksje. Hy joech de boat oan de [[Ryksuniversiteit Grins]], dêr't er ûndersocht en konservearre waard. Letter waard de kano opnaam yn de kolleksje fan it [[Drintsk Museum]].
 
===Krityk===
In Deenske saakkundige op besite frege him ôf oft it boatsje wier farre koe. In amateurargeolooch suggerearre dat it net om in boat gie, mar om in trôge of sels in blombak út de [[brûnstiid]] of [[izertiid]]. Yn 2001 waard in replika fan de kano boud troch archeolooch Jaap Beuker en die bliken dat in kanofarder der goed mei út de fuotten koe.<ref>[http://www.archeoforum.nl/Pesse10.html ''Oudste bootje ter wereld kon werkelijk varen''. 12 april 2001</ref> It boatsje waard doopt troch twa pakesizzers fan Wanders. De replika leit yn it museum fan Hoogeveen dat yn de bibleteek fêstige is.<br>
De boat is wat konstruksje oanbelanget ek te fergelykjen mei prehistoaryske kano's dy't yn oare lannen fûn binne.
 
== Keppelingen om utens ==