Black Hawk Down (film): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 58:
Op 'e Amerikaanske basis binne ûnderwilens de trije Humvees fan Struecker wer útstjoerd om nei it plak fan it twadde helikopterwrak te gean, mar krekt as it konfoai fan McKnight wurdt harren de tagong behindere troch barrikades. Sersjant Norm "Hoot" Gibson set mei trije oare Delta Force-kommando's te foet ôf nei it wrak, mar as se it berikke, blykt it leech te wêzen, mei't Durant en de [[stoflike omskotten]] fan 'e deade Amerikanen troch de Somaaljers meinommen binne. Harren rest inkeld it opblazen fan 'e helikopter om foar te kommen dat Amerikaanske [[technology]] yn ferkearde hannen falt.
 
Tsjin 'e tiid dat it konfoai fan McKnight einlings weromkeart op 'e Amerikaanske basis, is Garrison djip behelle yn 'e risselwearring fan in ûntsettingskonfoai dat ek eleminten fan 'e [[Amerikaanske 10e Berchdifyzje]] en [[Pakistan|Pakistaanske]] en [[Maleizje|Maleizyske]] ienheden fan 'e FN-fredesmacht omfetsje sil. De Pakistanen beskikke oer [[M48 Patton]]-[[tank (wapen)|tank]]s dy't dwers troch de barrikades hinne batse kinne. Om't Garrison de blauhelmen lykwols no pas op 'e hichte steld hat fan 'e Amerikaanske operaasje, duorret it navenant langer om it ûntsettingskonfoai gear te stallen. McKnight, dy't lichtferwûne rekke is, stiet derop om sels ek wer mei de stêd yn te gean.
 
As de [[nacht]] falt, begjinne de striders fan 'e SNA in swiere en oanhâldende oanfal op 'e besingele Amerikaanske troepen by it earste helikopterwrak. Se wurde tsjinkeard troch fûlêindich ferset fan 'e Amerikaanske grûntroepen en loftoanfallen troch Little Bird-helikopters op 'e posysjes fan 'e fijân, dy't troch de Amerikanen markearre wurde mei [[ynfraread]]e [[knipperljocht]]en. It konfoai fan 'e FN arrivearret earst by de posysje fan Steele en syn mannen, dy't ynladen wurde, wêrnei't it fierder giet nei de lokaasje en it earste helikopterwrak. Dêr wurde Eversmann en DiTomasso en harren mannen ynladen en ek it CSAR-team en de ferwûnen en liken út 'e helikopter. Foar in lyts groepke rangers en kommando's is gjin plak mear yn 'e fiertugen fan it konfoai, en sy binne dêrtroch twongen om 'e ôfstân fan it plak dêr't de earste Black Hawk delkommen is nei de FN-basis yn it [[Stadion fan Mogadisjû]] [[Mogadishu Mile|dravende ôf te lizzen]].